Ralkraan
Ralkraan | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aramus guarauna | ||||||||||||
Linaeus, 1766 | ||||||||||||
net bedrige | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De ralkraan (Aramus guarauna) is in op in ibis lykjende fûgel, dy't nau besibbe is oan kraanfûgels. De typyske snaffel is lang en nei ûnder bôge mei in skerpe, ljocht draaide punt. De snaffel is oanpast om slakken út harren hûskes te lûken. De fûgel is sa bysûnder, dat er as iennige soarte yn 'e famylje ralkraanfûgels (Aramidae) en it skaai ralkranen (Aramus) set is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ralkraan is in 56 oant 71 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 101 oant 107 sm. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar der is gjin ferskil yn fearrekleed. De fûgels ha in lange nekke en in lange, ljochtbôge twakleurige snaffel. It fearrekleed is meast readbrún mei op 'e kop en de mantel in soad wite streekjes. Noardlike fûgels binne oer it generaal wat lytser en ha ek wite plakken op 'e wjukken. De lange poaten binne swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn wetterrike gebieten lykas sompen mei heech reid en magroves yn waarme dielen fan Amearika, fan Florida oant Noard-Argentynje, mar is ek oant yn it noarden fan Wisconsin en Súd-Ontario waarnommen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels ite wringeleazen, fral slakken fan it skaai appelslakken (Pomacea).
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1856 en 1934 waard de fûgel ferdield yn twa soarten, ien yn Súd-Amearika (Aramus guarauna) en de oare yn Midden-Amearika, de Kariben en Florida (Aramus pictus). Tsjintwurdich wurdt de fûgel behannele as ien soarte mei fjouwer ûndersoarten. It ferskil tusken de ûndersoarten hat te krijen mei lytse ferskillen yn it formaat en it fearrekleed.
- Aramus guarauna guarauna – Súd-Amearika útsein de drûge westlike kust, de Andes en it suden fan it kontinint.
- Aramus guarauna pictus – Florida, Kuba, de Bahama's en Jamaika.
- Aramus guarauna elucus – Hispaniola en Porto Riko.
- Aramus guarauna dolosus – Súdwest-Meksiko oant West-Panama.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in stabile, grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte net oan in foarm fan bedriging bleatsteld wurdt. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch ien miljoen fûgels rûsd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kraanfûgeleftige
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Bolivia