Rak fan Ungemak (Boarn)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
it Rak fan Ungemak

It Rak fan Ungemak is it part fan de Boarn, by Jirnsum lâns. It werklike rak fan ûngemak is de meänder fan de Boarn eastlik fan Jirnsum, mar offisjeel wurdt it hiele stik fan it Jirnsummersyl oant Aldskou mei dy namme oanjûn.

Oant 1200 rûn de Boarn op dit stik nei it noarden, dan kaam de Grou derby, en dan rûn it wetter foarby Raerd nei de Middelsee, dêr wêr't no de Mûzel leit. Doe't eartiids it polderjen fan de Middelsee de mûning fan de Boarn berikt hie, hat men súdlik fan Jirnsum in wjittering, de Alde Wjittering groeven, dat it wetter fan de Boarn nei de Snitser Mar fuortkomme koe. Sûnt dy tiid rûn it wetter fan de Boarn by Jirnsum krekt de oare kant út. It wie wetter dat fan de Grou út nei it suden nei de Alde Wjittering rûn.

Dy ôfwettering fan de Grou wie wichtich om't in grut part fan Eastergoa dêrtroch ôfwettere. Mar it nivoferskil wie sa lyts dat der, doe't de ferbining mei de Middelsee noch iepen wie, oan de noardkant fan Jirnsum it Jirnsummersyl wie; in syl om foar te kommen dat by heech wetter yn de Wâlden it wetter de Grou ýn rinne soe, in stee fan út.

Yn de 20e iuw, doe't it wetterbehear allegear feroare wie, waard as ûnderdiel fan it Prinses Margrietkanaal in ferbining groeven fan Grou oant de Nije Wjittering, dat it Rak fan Ungemak tsjinnet no net mear de berops-skipfeart. Yn stee dêrfan is oan de súdeast kant fan Jirnsum op de igge fan de Boarn it Jirnsummer bedriuweterrein ûntwikkele, mei in soad wettersportbedriuwen en in pear skipmakkerijen.