Raisa Gorbatsjova

Ut Wikipedy
Raisa Gorbatsjova
RIAN archive 691370 Raisa Gorbacheva.jpg
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russysk
berne 5 jannewaris 1932
berteplak Rûbtsovsk
stoarn 20 septimber 1999
stjerplak Münster
etnisiteit Oekraynsk-Russysk
wurkpaad
berop/amt Sosjolooch, politikus, filosoof

Raisa Maksimovna Gorbatsjova (Russysk: Раиса Максимовна Горбачёва; op 5 jannewaris 1932 berne as Raisa Maksimovna Titarenko yn Rûbtsovsk yn Sibearje en ferstoarn op 20 septimber 1999 yn Münster, Dútslân) wie de frou fan Michaïl Gorbatsjov, de lêste lieder fan de Sovjet-Uny.

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raisa's âlders

Raissa Titarenko waard yn 1932 berne as de âldste fan trije bern yn Rûbtsovsk yn de doetiidske kraj West-Sibearje (no de kraj Altai). Har heit wie Maksim Andrejevitsj Titarenko (1907-1986), in Oekraynske spoarweibeamte út de omkriten fan Tsjernihiv, wylst har mem Aleksandra Petrovna Titarenko (berne Parada; 1913-1991) ôfkomstich wie út it Sibearyske doarp Veselojarsk (rajon Rûbtsovsk).

Nei't hja de middelbere skoalle yn Sterlitamak mei in gouden medaille foltôge, studearre Raisa filosofy en sosjology oan de Lomonosov-universiteit yn Moskou. Yn Moskou learde hja Michaïl Gorbatsjov kennen op in dûnsjûn, dy't dêr rjochten studearre. Yn 1953 trouden Raisa en Michaïl. Raisa rekke al gau swier, mar fanwegen hertkomplikaasjes nei reuma moasten de arsten de swierens yn 1954 ôfbrekke. De Gorbatsjov's ferlearen in jonge, dy't syn heit Sergei neame woe.

Stavropol[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1955 ferhûze it pear nei Stavropol, dêr't it klimaat foar Raisa better wie. Ynearsten wurke har man by de Komsomol en hja wennen ynearsten yn in lytse hierwente, dêr't yn 1957 harren dochter Irina berne waard. Op 6 desimber 1978 ferhûzende Gorbatsjov's nei Moskou.

Doe't har man sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny waard, stifte Raisa tegearre mei oare wittenskipers en keunsters de Sovjet Kultuerstifting, dy't him ynsette foar musea, it behâld fan âlde tsjerken en monuminten, bibleteken en argiven.

First lady[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raisa en Michaïl Gorbatsjov

As frou fan de sekretaris-generaal fan it Sintraal Komitee fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny, en letter de president fan de Sovjet-Uny, beselskippe hja Gorbatsjov op syn reizen. Hja wie oanwêzich op de resepsjes fan bûtenlânske delegaasjes, dy't de Sovjet-Uny besochten en ferskynde in soad op tillevzje, itjinge ek oergeunst én fijannichheid útlokke by de froulju fan oare Sovjet-politisi, dy't fûnen dat hja te faak oare klean droech en in soad prate. Raisa koe floeiend Ingelsk prate en dat makke dat har man maklik mei Margaret Thatcher en oare politisi yn it Westen prate koe.

Njonken har kulturele belutsenens wie hja beskermfrou fan ferskillende sosjale organisaasjes en projekten, lykas de helporganisaasje foar bern út Tsjernobyl en it Sintrale Moskouse Bernesikehûs. Tsjin it ein fan de Kâlde Kriich spile Raisa in net te ûnderskatten rol yn de koers fan har man Michaïl Gorbatsjov. Yn Europa, Amerika en Aazje waard hja ûnderskieden mei earedoktoraten.

Yn ferbân mei de spanningen troch de steatsgreep yn 1991 krige Raisa in CVA, dy't late ta in beheind sicht. Nei't har man frijwillich ûntslach naam as president fan de Sovjet-Uny, rekke Raisa út byld. De Gorbatsjov's wennen yn in datsja en doe't Michaïl Gorbatsjov him kadidaat stelde foar it presidentskap fan de Russyske Federaasje moast hja dêr neat fan ha, ek al holp hja har man wêr't hja koe.

Har man skreau nei de ynstoarting fan de Sovjet-Uny seis boeken, it wie Raisa's wurk om al it wurk foar him te redigearjen. Michaïl Gorbatsjov rjochte yn it Gorbatsjov-fûns op, in stifting dy't ûndersyk docht nei sosjaal-ekonomyske en politike saken en dêr't ek Raisa oan meiwurke. Ek rjochte Raisa yn 1997 in klub op foar froulju yn topfunksjes dy't him dwaande hold mei de organisaasje fan konferinsjes en it ûnderstypjen fan projekten om de omstannichheden foar froulju yn Ruslân te ferbetterjen.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 22 july 1999 ûntdieken artsen by Raisa leukemy. In pear dagen letter besocht Raisa mei har man en dochter de medyske klinyk fan de Wilhelm-Universiteit fan Westfalen, dy't bekend stiet om de súksessen by de behanneling fan onkologyske syktes, Likernôch twa moanne lang waard har behanneling ûnder tafersjoch fan professor Thomas Büchner fuortset, ien fan de foaroprinnende hematologen en onkologen yn Europa.

Ien fan de mooglike oarsaken fan de sykte is in kombinaasje fan medikaasje, stress en komplikaasjes nei oare kwalen. It is ek goed mooglik dat de leukemy ûntstien is as in resultaat fan kearnproeven yn Semipalatinsk yn 1949, wêrby't in radioaktive wolk oer har wenplak kaam te hingjen. In oare oarsaak kin de radioaktive bleatstelling by in besite west ha oan Tsjernobyl fuort nei de kearnramp fan 26 april 1986.

Op 20 septimber 1999 om 3:00 oere lokale tiid ferstoar hja yn de klinyk nei it oprinnen fan in ynfeksje as gefolch fan de fermindere immuniteit troch de gemoterapy . Hja is 67 jier woarn en waard begroeven op it tsjerkhôf fan it Novodevitsji-kleaster yn Moskou.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Горбачёва, Раиса Максимовна