Springe nei ynhâld

Railway Rivals

Ut Wikipedy

Railway Rivals (Ingelsk, likernoch: "Revalen mei Spoarwegen") is in spul fan David Watts foar 2 oant 6 spilers út de santiger jierren, of mooglik sels begûn yn de sechstiger jierren. Yn earsten wie it leafdewurk foar Watts, dy't sels de regels útjoech en sels de kaarten útjoech. As Rostherne Games joech er kaarten út, faak basearre op syn eigen kentnisse fan spoarwegen, benammen yn Ingelân. Alris wienen de regels gelyk, dat spilers hoechden allinich de swart-wyt kaarten te keapjen, mei ynstruksjes hoe't hja dy sels kleure moasten.

Massa publikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1973 ôf waard it spul útjûn troch Fairmount Simulation Gaming. Watts sels ferkocht laminiearre papierkaarten, en middelstienen. Begjin tachtiger jierren waard it spul útjûn troch Butehorn as Dampfross, wat oernaam waar troch Schmidt Spiele yn 1981 doe't Butehorn fallyt gie. De fersje fan Schmidt waard yn 1984 wurdeare as Spiel des Jahres. De motifaasje dy't dêrfoar jûn wie, wie dat Schmidt it spul sa feroare hie dat it gou as in nij spul. Of de feroarings wier sa grut wienen, is lykwols net dúdlik.

Tagelyk joech Games Workshop it spul út as Railway Rivals. En Schmit joech taal-ferzjes út foar oeare merken, faak mei oanpaste nammen. Foar Nederlân wie dat Tussen de rails. Njonken dy mear ofsjele útjeften binne der in grut tal kaarten oer gebieten op Ierde, en sels ien op Middel-Ierde. De skatting is dat der sa'n 300 kaarten binne.

It spul wurt tekene op lamineare karten, mei ôfwisbere filtstiften. Dy wize is hoe de kaarten net foar ien kear binne; men begjint sa nei ôfrin wer oan in nij spul.

It spul is twa fasen: Yn de boufase tekent eltsenien routes op de kaart. De earste spiler dy't in plak op de kaart ferbynt mei it eigen begjinplak, kriget dêr seis punten foar. (Yn lettere ferzjen wienen der lytse plakjes dy't mar trije punten weard wienen.)

As alle plakken op it boerd ienris ferbûn binne, begjin de race-fase. Dêrby litte de spilers treinen oer de spoaren ride dy't hja earder tekene hawwe. Winner is dejinge dy't, as alle stasjons besocht binne, de measte punten hat.

Railway Rivals waard yn 1984 wurdeare as Spiel des Jahres yn de Dampfross ferzje fan Schmidt Spiele.