Springe nei ynhâld

Radja-ein

Ut Wikipedy
Radja-ein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai radja-einen (Radjah)
Reichenbach, 1853
soarte
Radjah radjah
(Garnot & Lesson, 1828
IUCN-status: net bedrige

De radja-ein (Radjah radjah; synonym :Tadorna radjah) is in fûgelskaai út de famylje einfûgels. De soarte heart by de saneamde healguozzen, dy't in systematyske posysje tusken de guozzen en de einen ynnimme. Earder waard de radja-ein ta it skaai bercheinen (Tadorna) rekkene, mar hjoed-de-dei is de fûgel yn it monotypysk skaai radja-einen (Radjah) set.

Radjah (fernederlânske en dêrom ek ferfryske as "radja") is yn it Maleisk (dat op 'e Molukken sprutsen wurdt) in hege aadlike titel, ferlykber mei foarst of prins. Op it eilân Boerû wurdt dizze fûgel troch de pleatslike befolking mei dy namme oantsjut.

Australysk eksimplaar yn 'e flecht.

Radja-einen wurde oant 52 sm lang. De jerken en sijkes binne net op basis fan 'e fearren te ûnderskieden. De kop, de hals en de búk binne foar it grutste part wyt mei in swarte oant kastanjebrune bân oer it boarst. De rêch en de wjukken binne donkerbrún. Yn 'e flecht of mei iepen wjukken is oan 'e boppekant fan 'e wjukken in grienglânzgjende bân te sjen. De snaffel is ljocht en de poaten binne rôze. It each is wyteftich mei in giele eachring.

De radja-ein libbet yn 'e noardlike dielen fan West-Austraalje, it Noardlik Territoarium (Nasjonaal park Kakadu) en Queensland, fierder yn Nij-Guineä, fral de súdkust fan Papoea Nij-Guineä. Der binne ek waarnimmingen op West-Papoea en de eilannen Japen, Goodenough, Fergusson, Arû-eilannen en de Molukken.

It biotoop fan 'e fûgels wurdt foarme troch ûndjip sâld, brak en swiet wetter yn mûningen fan rivieren, estuaria, lagunes en sompen fan it kustgebiet. De einen libje allinne of yn pearkes. Yn 'e drûge tiid binne der grutte konsintraasjes yn û.o. de sâltwetterlagunes.

De fûgel telt twa ûndersoarten:

  • R. r. radjah: fan 'e Molukken oant Nij-Guineä.
  • R. r. rufitergum: noardlik en eastlike Austraalje.

By de R. r. radjah binne de fearren op 'e rêch foar it measte donker en oer it boarst rint in smelle swarte bân. De R. r. rufitergum hat dêrfoaroer in readbrune rêch en readbrune bân op it boarst.

De fûgels briede yn in beamholte by it wetter. In nêst bestiet út wat dûns en der wurde seis oant tolve aaien lein, dy't troch it sijke útbret wurde. Nei likernôch 30 dagen komme de aaien út. Radja-einen libje fan lytse dierkes, lykas weakdieren. In lyts part bestiet it planten.

Neffens in rûzing fan 2023 bestie de populaasje tusken 13.300 oant 133.000 folwoeksen fûgels. De radja-ein hat in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne, wurdt de ein troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre. Yn Austraalje is de jacht op 'e ein wetlik ferbean.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: