Springe nei ynhâld

Radio Fatikaan

Ut Wikipedy
Radio Fatikaan
Statio Radiophonica Vaticana
It haadkertier fan Radio Fatikaan
It haadkertier fan Radio Fatikaan
algemiene ynformaasje
mediumRadio
taal45 talen
oprjochte12 febrewaris 1931
haadkertierFatikaanske tunen, Fatikaanstêd
eignerHillige Sit
útstjoergebiet
ûntfangstgebietWraldwiid
offisjele webside
www.vaticannews.va

Radio Fatikaan is de offisjele radiostjoerder fan it Fatikaan. De stjoerder fersoarget útstjoeringen yn mar leafst 45 talen. Radio Fatikaan hat in lytse 400 minsken yn tsjinst út 59 lannen. It haadkertier fan de stjoerder is te finen yn de Fatikaanske tunen deunby it Fatikaansk Museum. Fatikaanstêd waard yn 1929 mei it Ferdrach fan Lateranen in soevereine steat binnen de grinzen fan Itaalje. Datselde jier joech paus Pius XI de legindaryske Italiaanske radiopionier Guglielmo Marconi opdracht om in radiostjoerder op Fatikaansk grûngebiet te bouwen. Op 12 febrewaris 1931 giene de útstjoeringen fan start.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE