Springe nei ynhâld

Raamsdonksveer

Ut Wikipedy
Raamsdonksveer
Ut Fèr
gemeentehûs
gemeentehûs
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Geertruidenberg
Sifers
Ynwennertal12.550 (2024)[1]
Oerflak10,11 km²
- lân 9,02 km²
- wetter 1,09 km²
Befolkingsticht.1.391 ynw./km²
Oar
Koördinaten51° 41' N 4° 52' E
Kaart
Raamsdonksveer (Noard-Brabân)
Raamsdonksveer

Raamsdonksveer (Brabânsk: Ut Fèr) is in plak yn 'e gemeente Geertruidenberg yn 'e provinsje Noard-Brabân oan 'e eastkant fan 'e Donge foar de stêd Geertruidenberg oer. It is in regionaal sintrum fan hannel en yndustry.

Raamsdonksveer ûntstie út de midsiuwske parochy mei de namme Dunc, dy't al yn 1273 yn akten neamd waard. Yn 'e rin fan 'e tiid ûnstiene der twa kearnen: Raamsdonk en Raamsdonksveer. Raamsdonksveer ûntwikkele him as in doarp fan skippers, fiskers en polderwurkers.

De oanlis fan 'e dyk fan Parys nei Amsterdam ûnder Napoleon (1811-1812) brocht nije wolfeart. Yn 1840 wennen der al 1856 minsken. De minsken tsjerken yn dy tiid yn Geertruidenberg of Raamsdonk, mar yn 1843 waard der in selsstannige parochy stifte. Ynearsten tsjerken de minsken yn in provisoaryske houten tsjerke, om't der fanwegen de tichteby lizzende fêsting Geertruidenberg gjin stiennen gebouwen yn it sjitfjild boud wurde mochten. Dêrom waard folle letter in nije tsjerke boud. Dy tsjerke, in wurk fan Carl Weber, waard yn 1864 ynwijd en yn 1893 fergrutte.

Yn 'e jierren 1878-1880 krige it doarp ek in herfoarme tsjerke.

De Twadde Wrâldoarloch en de Wettersneed fan 1953 feroarsaken in soad skea. Op 31 oktober 1944 blaasden de Dútsers de tsjerketoer op, wêrtroch't de tsjerke ek folslein ferneatige waard. It byld fan Marije waard sparre en yn in tydlike tsjerke delset, dy't boud wie mei materiaal fan 'e âlde tsjerke. Yn 1957 koene de katoliken in nij tsjerkegebou yn gebrûk nimme

Raamsdonksveer krige twa kleasters, ien foar de Susters fan Schijndel en ien foar de Bruorren fan Tilburch. De susters joegen ûnderwiis oan famkes en laten it Sint-Theresia Sikehûs, dat op it lêst ûnder de namme Pasteur Sikehûs nei Oosterhout ferhûze. Se soargen ek foar âlde minsken. De bruorren joegen ûnderwiis oan jonges en dienen dat oant 1956 doe't der gjin nije roppingen mear folgen.

It doarp is bekend om syn haven en ferbining mei Geertruidenberg oer in brêge oer de Donger, dy't tagong jout ta it Nasjonaal Park De Biisbosk.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De wettertoer waard yn 1925 neffens in ûntwerp fan Hendrik Sangster boud.
  • De Onvermoeide is in stiennen stellingmûne út 1890. As de mûne meast op sneonen draaid is de mûne iepen foar besichtiging.
  • De Us-Leaffrouwetsjerke is in grutte roomske tsjerke út 1957. It neffens it ûntwerp fan Kees de Bever boude tsjerkegebou hat in hege achthoekige toer. It byld dat nei de ferneatiging fan 'e âlde tsjerke sparre bleau krige in plak yn 'e nije tsjerke. Foar in diel is de tsjerke net mear as sadanich yn gebrûk.
  • De eklektyske Emmatsjerke waard foar de herfoarmen boud en datearret fan 1180. De tsjerke is ienfâldich en hat in lytse dakruter.
  • It tusken 2012 en 2014 restaurearre Fort Lunet leit oan 'e rjochter kant fan 'e Donge en waard nei de Belgyske opstân troch Willem I yn 1833-1839 boud om de wetterliny te fersterken. It hat oant 1919 tsjinst dien.

Yn 'e karnavalstiid hjit it plak Faantelaand.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Raamsdonksveer (ferzje 8 juny 2025)