Springe nei ynhâld

RTV Oost

Ut Wikipedy
RTV Oost
Logo RTV Oost
Logo RTV Oost
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
medium Radio,
Telefyzje
taal Nederlânsk,
Nedersaksysk
oprjochte 1978
ûntstien út RON (1946, letter RONO)
slogan Thuis bij Oost
haadkertier Hengelo
útstjoergebiet
ûntfangstgebiet Oerisel
frekwinsje
FM 99.4 MHz, 97.9 MHz, 95.6 MHz, 89.4 MHz
DAB+ kanaal 6A
offisjele webside
oost.nl

RTV Oost is de regionale publike omrop fan de Nederlânske provinsje Oerisel.

Yn 1978 waard RTV Oost oprjochte as Radio Oost in regionale ôfsplitsing fan de RONO, de Regionale Omroep Noord en Oost. Yn earste ynstânsje wie Radio Oost de regionale stjoerder foar Oerisel en Gelderlân en stie it ûnder bewâld fan de NOS. Doe't yn 1989 de regionale omroppen ferselsstannigen en Gelderlân syn eigen regionale omrop (Radio Gelderland, letter Omroep Gelderland) krige, waard Radio Oost de omrop foar Oerisel. Yn 1992 waard de namme wizige yn RTV Oost.

Op 2 april 2024 feroare de omrop syn namme fan RTV Oost yn Oost. Dat waard lykwols gjin sukses en late ta betizing en ûndúdlikens. De namme "Oost" komt in protte foar yn de regio wêrtroch't ynwenners fan Oerisel net wisten hoe't se de omrop neame moasten. Mei yngong fan 23 april 2025 is dizze nammeferoaring weromdraaid, mei behâld fan it logo út 2024.