Rüppellpappegaai
| Rüppellpappegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Poicephalus rueppellii | ||||||||||||
| Gray, GR, 1849 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De rüppellpappegaai of Rüppells pappegaai (Poicephalus rueppellii) is in fûgelsoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Joseph Smit (1836–1929).
De Rüppellpappegaai wurdt 22 oant 25 sm lang en weaget 121 oant 156 gram. De fûgel is meast donkerbrún en de kop is donkergriis mei sulvergrize wangen en kin. Mantsjes en poppen ha wat giel op it skouder en giele fearkes dy't de boppepoaten oerdekke. By jonge fûgels mist it giel of is it dof. Folwoeksen poppen ha ek blau op 'e ûnderrêch en anaalstreek, wylst de mantsjes de blauwe kleuren dêre ferlieze as se folwoeksen wurde. De iris is oranjeread.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn Sintraal-Namybje fan Súdwest-Angoala oant Luanda.
It habitat bestiet út savannes mei beammen, meast net fier fan wetter, drûge bosken oant hichtes fan 1250 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út sied, nuten, beien, fruchten en blommen. It grutste part fan 'e dei bringe se yn 'e hegere beamlagen troch.
De soarte hat syn nêsten yn beamholtes. De aaien binne wyt en in lechsel bestiet meast út trije oant fjouwer aaien. It wyfke briedt de aaien yn likernôch 28 dagen út en de piken fleane nei sa'n 68 dagen nei it útkommen út. Bûten de briedtiid komt de fûgel yn lytse groepen foar.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt as frij gewoan yn geskikte habitat omskreaun (del Hoyo et al. 1997). Troch habitatferlies yn syn ferspriedingsgebiet kin oannommen wurde dat de oantallen tebekrinne. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
