Rûholla Chomeini
| Rûholla Mostafavi Musavi Chomeini | ||
| Rûholla Chomeini (1981) | ||
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 24 septimber 1902 | |
| berteplak | Chomein, Perzje | |
| stjerdatum | 3 juny 1989 | |
| stjerplak | Teheran, Iran | |
| dynasty | Chomeini | |
| etnisiteit | Perzysk | |
| 1e Heechste Lieder fan Iran | ||
| amtsperioade | 1979-1989 | |
| foargonger | Mohammed Reza Pahlavi (sjah) | |
| opfolger | Ali Chameneï | |
| offisjele webside | ||
| imam-khomeini.ir | ||
Rûholla Mostafavi Musawi Chomeini (Perzysk: سید روحاللّه مصطفوی موسوی خمینی, [ruːholˈlɑːhe muːsæˈviːje xomeiˈniː]; Chomein (Perzje), 24 septimber 1902 - Teheran (Iran) 3 juny 1989), yn Westerske lannen bekend as ajatollah Chomeini, wie in sjiïtysk geastlike (ajatollah) en de lieder fan de Iraanske Revolúsje yn 1979 dy't it rezjym fan sjah Mohammed Reza Pahlavi omsmiet en Iran omfoarme ta in strange islamityske republyk.
Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rûholla Chomeini waard berne yn de stêd Chomein, yn dat hjoed-de-dei de Iraanske provinsje Markazi is, as soan fan Mustafa Musavi, in foaroansteand sjiïtysk geastlike, en Agha Chanum. Syn earste namme betsjut "geast fan Allah". Doe't er twa jier âld wie, waard syn heit fermoarde. Hy waard troch syn mem en syn muoike grutbrocht. Op jonge jierren begûn er mei de stúdzje fan de Koaran en it Arabysk, dêr't er by holpen waard troch syn famyljeleden. Fan 1912 ôf folge er islamitysk ûnderrjocht oan 'e legere skoalle. Hy studearre dêrnei oan 'e islamityske hegeskoalle yn Arak. Sûnt 1922 studearre er filosofy, etyk en islamitysk rjocht oan 'e hegeskoalle yn 'e sjiïtyske hillige stêd Qom. Yn 1929 boaske er Chadijeh Saqavi, mei wa't er fiif bern krige.
Geastlike en politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chomeini waard in heechpleatste geastlike yn it tolversjiïsme, in ajatolla, en in skriuwer fan mear as 40 boeken. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw, hat de geastlikheid yn Iran him sjen litten as in machtige politike krêft troch it Tabaksprotest te organisearjen tsjin in konsesje oan in bûtenlânske (Britske) partij. Yn 1945 krige Chomeini de titel hojjat al-islamm, de op ien nei heechste sjiïtyske rang.
Yn 'e âldens fan 61 jier hie Chomeini frij paad nei it liederskip en waard ajatollah, de heechste posysje yn it sjiïsme, nei de dea fan ajatollah Sajjed Hûsayn Borujerdi (1961), in toanjaand, mar rêstige, sjiïtyske religieus lieder, en ajatollah Abol-Ghasem Kasjani (1962), in aktive geastlike. De geastlike klasse wie al sûnt de 1920-er jierren yn de ferdigening, doe't de sekuliere, antyklerikale modernist Reza Sjah Pahlavi oan 'e macht kaam. Reza syn soan Mohammed Reza Sjah fierde de Wite Revolúsje troch, itjinge in fierdere útdaging foar de Ulama betsjutte.
Opposysje tsjin it bewâld fan de sjah
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan de 1930-er jierren êf wie er in fûleindich bestrider fan it sekuliere belied fan sjah Reza Pahlavi. Yn 1941 skreau er it boek It Untbleatsjen fan de Geheimen, rjochte tsjin it rezjym fan 'e sjah. Yn 1949 waard Chomeini as dosint oan d eUniversiteit fan Qom ûntslein nei algeduerigen krityk op de nije sjah, Mohammed Reza Pahlavi. Nettsjinsteande syn ûntslach bleau Chomeini him tsjin it rezjym fan 'e sjah fersetten en fan de 1950-er jierren ôf, nei de troch de CIA late steatsgreep tsjin Mohammed Mossadeq, bekritisearre er de Amerikaanske ynfloed dy't neffens him yn Iran wie.
Ferballing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn ferset tsjin de Wite Revolúsje late yn 1964 ta syn troch de steat opleine ferballing fan mear as 14 jier. Ynearsten ferfear er nei Bursa, yn it noardwesten fan Turkije. Krapoan in jier letter ferhuze er nei Najaf yn it noarden fan Irak, dêr't er oant 1978 tahold, doe't er troch de doetiidske Iraakske fise-presidint Saddam Hoessein útwiisd waard. Dêrnei hat er in healjier lang yn in foarstêd fan Parys yn Frankryk taholden my in toeristefisum.
Iraanske Revolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1977 naam it ferset tsjin it rezjym fan de sjah tige by tige ta. Yn 1978 waard dúdlik dat it rezjym op syn efterste poaten stie. Op 16 jannewaris ferfear de sjah "tydlik" nei it bûtenlân en droech er it regear oer oan de lieder fan it Nasjonaal Front, Sjapoer Bachtiar.
Ajatollah Chomeini kaam op 1 febrewaris werom út Parys. Op it fleanfjild waard er troch it lofthavenpersoniel tajubele en trije miljoen Iraanjers kamen nei Teheran om him te sjen. Chomeini waard de lieder fan de Revolúsje en sette premier Bachtiar ôf en beneamde in foarriedich regear mei de ynzjenieur Mehdi Bazargan as premier.
As heechste lieder fan Iran
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it sukses fan de Iraanske Revolúsje tsjinne Chomeini fan febrewaris 1979 oant syn beneamen ta oerbefelhawwer yn desimber dat jiers as it winliken steatshaad fan it lân. Hy stipe de gizelnimmers by de Iraanske gizelderskrisis, dêr't Amerikaanske diplomaten yn harren ambassade yn gizeling nommen waarden.
Op 30 maart hold it foarriedich regear in referindum, dêr't de befolking him útsprekke koe foar in sekuliere steat of foar it ynstellen fan de islamityske republyk. Mei in grutte mearderheid fan it folk waard foar it ynstellen fan 'e islamityske republyk stimd en op 1 april 1979 waard de Islamityske Republyk Iran útroppen. Yn 1980 waaard Abolhassan Bani Sadr ta presidint fan de republyk keazen en ajatollah Chomeine waard de heechste lieder fan Iran en de grûnwet waard troch him fannijs skreaun. Sûnt jildt yn Iran it troch Chomeini yntrodusearre prinsipe fan velajat-e fakih (fâdij fan de rjochtsgelearde). Dêr waard by útmakke dat de geastlike lieder oer alle politike kwestjes giet. Dyjingen dy't oars tinke lykas de bahai, dêr't er in grutte politike gearspanning efter fermoede, en minsken dy't jierren earder kristen wurden wiene, homoseksuelen en oaren harren libben net mear wis wiene. Chomeini waard yn it westen gauris bekritisearre om syn antysemtityske útlittings. Yn 1988 joech Chomeine befel ta de massa-ekesekúsje fan politike finzenen yn Iran. Yn 1989 ferklearre er in fatwa dêr't er oprôp ta de moard fan de yn Yndia berne Britske skriuwer Salman Rushdie fanwegen dy syn beskriuwing fan de islamityske profeet Mohammed yn syn roman The Satanic Verses, dy't Chomeini as godslasterlik beskôge.
Chomeini waard yn 1979 troch Time Magazine útroppen ta "Man fan it Jier" fanwegen syn ynternasjonale ynfloed en waard yn it dêr op folgjende desennium omskreaun as it "firtuele gesicht fan 'e sjiïtiske islam yn 'e westerske populêre kultuer". Hy ferwiisde gauris nei de Feriene Steaten as de "Grutte Satan" en Israel ta de "Lytse Satan".
Iran-Irakkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy stribbe ûnder syn bewâld ta it omsmiten fan it rezjym fan de Iraakske diktator Saddam Hoessein. Eangjend foar it oerwaaien fan de revolúsjonêre ideeën út Iran nei it yn mearderheid sjiïtyske Irak, besleat de selulier-islamityske presidint Saddam Hoessein yn 1980 Iran yn te fallen. Saddam ferwachte in flugge Iraakske oerwinning fanwegen de gaoatyske sitewaasje yn Iran en it ynternasjonale isolemint fanwegen de gizelerskrisis.
De Arabyske buorlannen en it Westen sieten yn in nuodlike sitewaasje. Hja wisten allegear dat Iark mei de kriich úteinset hie, mar in oerwinning fan it revolúsjonêre Iran wie foar har in nachtmerjesenario. Hja seagen gjin oare oplossing en stypje Irak, oant yn 1988 in wapenskoft sletten waard, dêr't de grinzen net by wizige waarden. Chomeini sei it tekenjen fan it ferdrach it te ûnderfinen as it drinken fan in fergifbeker.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In pear jier foar syn dea naam syn sûnens ôf. Nei 11 dagen yn in sikehûs opnommen west te hawwen ferstoar er op 3 juny 1989 nei't er yn tsen dagen fiif hertoanfallen hie. Miljoenen Iraanjers giene de strjitte op om him te roujen en yn de simmerhjitte besproeiden brânwachtweinen de mannichte mei wetter en kuolje harren ôf. Op syn minst 10 roujers waarden deawâde en mear as 400 rekken earnstich ferwûne en nochris tûzenen waarden behannele foar ferwûnings dy't se oprûnen hiene yn de gaos dy't dêropfolge.
Op 5 juny waard de kiste mei de lea fan Chomeini útstald yn it noarden fan Teheran, dêr't hûnderttûzen roujers it lichem sjen koene. De folgjende deis waard fêststeld dat de plande begraffenisprosesje nei it begrafplak ûnmooglik wie om't der miljoenen roujers har op 'e strjitten sammele hiene en de strjitten blokkearren. Lang om let waard it lichem mei in helikopter nei it begraafplak brocht. Hjoed-de-dei is der in mausoleum om it grêf hinne boud, dêr't moslims hinne komme kinne om te bidden.
Ynearsten soe ajatollah Hûssein-Ali Montazeri de opfolger wurde fan Chomeine, mar dy waard yn 1988 troch syn pro-westerske útspraken yn diskredyt brocht. Ajatollah Ali Chameneï waard de opfolger.
Mystyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chomeini, dy't it mulpunt foarme fan in rûnombywêzige persoanlikheidskultus, droech de titel "ajatollah" en stiet yn Iran en by syn oanhingers wrâldwiid offisjeel bekend as "Imam Chomeini". By syn steatsbegraffenis wiene wol 10 miljoen minsken oanwêzich, in fyfde part fan de doetiidske Iraanske befolking, en wurdt beskôge as de op ien nei grutste begraffenis yn de skiednis.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chomeini syn neilittenskip is kontroversjeel. Yn Iran wurdt er wetlik beskôge as "ûnoantaastber". It misledigjen fan syn namme wurdt bestraffe mei finzenstraf: syn grêf mei gouden koepel op de Behesjt-e-eZahra-begraafplak yn Teheran is in beafeartsoarde wurden troch syn oanhingers. Hoewol't guon fan harren him sjogge as in foarfjochter fan it weroplibjen fan 'e islam, ûnôfhinklikens, anty-ymperilaisme en ferset tsjin bûtenlânske ynfloed yn Iran, wurdt Chomeini bekritisearre fanwegen syn anty-westerske en antysemityske retoryk, antydemokratyske aksjes, skeinings fan 'e minskerjochten, lykas de eksekúsje fan tûzenen Iraanske poltike finzenen yn 1988, en fanwegen it op grutte skaal ynsetten fan bernesoldaten by de Iran-Irakkriich foar minsklik skyldoanfallen. By syn bewâld wiene der in soad protesten, ûnder oaren yn 1979 en 1981.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1929, of mooglik yn 1931, boaske Chomeini Chadijeh Saqafi, de dochter fan in geastlike yn Teheran. Harren houlik moast lokkich en harmonieus west hawwe. Hja ferstoar op 21 maart 2009 yn 'e âldens fan 93 jier. Hja krigen sân bern, hoewol't der mar fiif de bernetiid oerlibben. Syn dochters boasken allegear mei manlju út keapljus- en geastlike famyljes, en syn twa soannen waarden warber yn it geastlik libben. Syn âldste soan Mostafa ferstoar yn 1977, wylst er mei syn heit yn ballingskip yn Najaf yn Irak wie, dy't neffens hearren en sizzen fan oanhingers fan syn heit troch de SAVAK, de geheime tsjinst fan it keizerlik Iran, fermoarde wêze soe. Ek oer de dea fan Ahmad Chomeini, dy't yn 1995 yn 'e âldens fan 50 jier ferstoar binne praatsjes dat er it slachtoffer wie fan in misdriuw, ditkear mooglik troch tadwaan fan it rezjym fan Ali Chameneï, itjinge troch syn soan Hassan Chomeini ûntkend waard. Zahra Mostafa, in professor oan de Universiteit fan Teheran, dy't noch libbet, is faaks syn "meast promininte dochter".
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chomeini wie in skriuwer fan wol 400 boeken, dêr't 200 fan online binne.
In karút:
- Hokumat-e Islami: Velayat-e faqih (Islamitysk regear: it bestjoer fan de jurist)
- Forty Hadith[340] (Fjirtich tradysjes)
- Adab as Salat[341] (De dissiplinen fan it bidden)
- Jihade Akbar[342] (De grutte striid)
- Tahrir al-Wasilah (Utlis oer de middels ta ferlossing of kommentaar op de befrijing troch de foarbea)
- Kashf al-Asrar
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ruhollah Khomeini fan Wikimedia Commons. |