Rødovre (gemeente)
Appearance
| Rødovre | |
|---|---|
| flagge | wapen |
| lokaasje | |
| polityk | |
| lân | |
| regio | Haadstêd |
| boargemaster | Erik Nielsen |
| sifers en geografy | |
| haadplak | |
| grutste plak | Rødovre |
| ynwennertal | 39.343 (2018) |
| oerflak | 12,18 km² |
| skiednis | |
| oprjochte | 1901 |
| oar | |
| tiidsône | UTC +1 |
| simmertiid | UTC +2 |
| webside | www.rk.dk |
Rødovre is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.
De hjoeddeiske gemeente ûntstie yn 1901 doe't de parochy Rødovre ôfskieden waard fan de parochy Brønshøj-Rødovre en Brønshøj by de stêd Kopenhagen foege waard. De gemeente bleau by de weryndielings fan 1970 en 2007 ûnferoare en selsstannich.
Rødovre is te ferdielen yn fjouwer parochy's: Rødovre (13.145 ynwenners), Islev (11.581), Hendriksholm (6.512) en Grøndalslund (8.105 ynwenners),
De gemeente is folslein beboud, foar it measte mei hûzen, en is yn demografysk opsicht in multikulturele gemeente.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brigitte Nielsen (1963), model en aktrise
- Helle Thorning-Schmidt (1966), premier fan Denemark 2011-2015
- Ole Bjur (1968), fuotballer
- Marc Rieper (1968), fuotballer
- Nikolaj Lie Kaas (1973), akteur
- Timmi Johansen (1987), fuotballer
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
