Springe nei ynhâld

Rödelhausen

Ut Wikipedy
Rödelhausen
Bartoloméuskapel
Bartoloméuskapel
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringRhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeenteKirchberg
Sifers
Ynwennertal123 (31.12.2024)[1]
Oerflak2,56 km²
Hichte430 m
Oar
Postkoade56858
Koördinaten49°59'N 7°19'E
Kaart
Rödelhausen (Rynlân-Palts)
Rödelhausen

Rödelhausen is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts dat diel útmakket fan 'e lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis. Rödelhausen is ûnderdiel fan it gemeenteferbân Kirchberg.

De fynst fan grêfheuvels mei skeletten út de lette Hallstatt-kultuer (500–450 f.Kr.) wize op iere bewenning fan it gebiet. De namme fan it doarp ferskynt al yn 1330 foar it earst, mar it plak wie al earder bewenne. Yn 'e midsiuwen wie it doarp fan 'e greve fan Sponheim. Under de Frânske tiid (1794–1815) hearde it by it kanton Zell (yn it Ryn-Mûzel-departemint). Nei de Napoleontyske oarloggen kaam it doarp ûnder Prusysk bewâld, en sûnt 1946 is it ûnderdiel fan 'e dielsteat Rynlân-Palts.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • In kultuermonumint is de yn 1747 boude katolike Bartoloméuskapel.
  • Alder as de kapel is in natuerlik monumint oan it paad nei Löffelschied, de monumintale simmeriik fan teminsten 350 jier âld.
  • Oan 'e eastlike doarpsrâne leit de Sandkaul, in geologysk nijsgjirrich. De sânôfsetting wurdt ôfwiksele mei ljochtkleurige kwartsstientsjes en stamt út it Tertiêr, dus likernôch 60 miljoen jier âld. It grint-sânmingsel waard tsientallen jierren wûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: