Springe nei ynhâld

Rôzekopparkyt

Ut Wikipedy
Rôzekopparkyt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula roseata
Biswas, 1951
IUCN-status: gefoelich

De rôzekopparkyt of bluossemkopparkyt (Psittacula roseata) is in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Mantsje.
Wyfke.

De rôzekopparkyt wurdt 30 sm lang. Folwoeksen mantsjes ha in rôze kop mei in ljochtgiele iris, wylst de krún en de nekke blau-lila binne. Oer it kin rint in brede swarte streek by de ûnderwangen lâns nei de boppenekke ta, dêr it swart as in smelle streek de rôze kop omseamet. Op it midden fan 'e wjukken hat de fûgel in readbrún plak. De lange middelste sturtfearren binne blau mei giele einen. De sydlike sturtfearren binne gielgrien mei ljochtgiele punten. Rôzekopparkiten ha in oranjegiele boppesnaffel, wylst de ûndersnaffel donkergriis is. De poaten binne griisgrien.

Folwoeksen wyfkes fan 'e nominaatfoarm ha in blaugrize kop en in grize iris mei om de kiel en nek in giele bân. Op 'e skouders hat it wyfke in lyts read plak, dy't by âldere fûgels ferdwynt. De boppesnaffel fan it wyfke is giel.

De soarte libbet yn Súdeast-Aazje. It biotoop fan 'e fûgel bestiet út mingd bosk en iepen leafbosk mei hege beammen en kultuerlânskippen by boskrike gebieten oant in hichte fan 1500 m. De fûgels wurde ek by boskresten fan timpels waarnommen.

Groepke foerazjearende fûgels yn it Nasjonale Park Kaziranga, Yndia.

Rôzekopparkiten binne stânfûgels en lokaal nomadysk en se libje yn groepen oant sa'n 20 fûgels, somtiden mei Aleksanderparkiten. It iten bestiet út sied, fruchten, bloeisel en knoppen. Se bringe om te iten somtiden ek besites oan hôven en rysfjilden. Oer syn brieden is net in soad bekend. Yn Birma briedt de fûgel fan maart oant maaie.

De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoaarten:

De ûndersoarte P. r. juneae hat oer it generaal gielere kleuren as de nominaafoarm en it plak op 'e skouder is sterker oanwêzich. De middelste sturtfearren binne ljochter blau en de sydlike sturtfearren mear gielich.

De rôzekopparkyt is yn syn ferspriedingsgebiet allinne lokaal noch algemien. Yn in soad gebieten fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel troch ferlies fan biotoop en wyldfang foar de hannel (Kambodja en Fjetnam) seldsum woarn. Oannommen wurdt dat it totale ferspriedingsgebiet yn tritich jier tiid mei hast 30% ôfnommen is. Yn Laos, Fjetnam en in diel fan it suden fan Sina wurdt de fûgel al in skoft net mear waarnommen. Untsnappingen fan koaifûgels yn Singapoer en Hong Kong ha net tot in fêste populaasje laat. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: