Springe nei ynhâld

Rôzekielkardinaal

Ut Wikipedy
Rôzekielkardinaal
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekardinaalfûgels ( Cardinalidae)
skaaipiranga's (Piranga)
soarte
Piranga roseogularis
(Cabot, 1846)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De rôzekielkardinaal (Piranga roseogularis) is in fûgelsoarte yn it skaai Piranga's út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).

Mantsje.

Nettsjinsteande syn namme is de rôzekielkardinaal in frij kleurleaze fûgel, mei griiseftige fearren. It mantsje hat lykwols in rôze kiel en fealread op 'e kroan, wjukken en sturt. By it wyfke hawwe dy gebieten ynstee fan in readeftige in gielige tint. Karakteristyk is in brutsenwite eachring.

De soarte wurdt ferdield yn 'e folgjende trije ûndersoarten:

  • Piranga roseogularis roseogularis - komt yn súdeastlik Meksiko foar (it drûge noarden fan it Yucatán-skiereilân).
  • Piranga roseogularis tincta - komt yn it sintrale en súdlike die fan it skiereilân Yucatán-skiereilân foar en yn it noarden fan Belize en Gûatemala.
  • Piranga roseogularis cozumelae - komt foar yn súdeastlik Meksiko (Cozumel en Isla Mujeres).

It skaai Piranga waard earder yn 'e tanagerfamylje (Thraupidae) ûnderbrocht. DNA-stúdzjes hawwe lykwols oantoand dat it kardinalen binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje, de reade kardinaal.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rôzekielkardinaal is in seldsume fûgel yn tropyske bosken en boskrânen. Dêr libbet er yn 'e hegere lagen fan it bosk. Hy is faak stil en wurdt dêrom net gau waarnommen.

De soarte is relatyf seldsum en de populaasje wurdt op likernôch 20.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels rûsd. Tocht wurdt dat er yn oantal ôfnimt, mar net sa bot om de fûgels as bedrige te beskôgjen. De IUCN klassifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: