Rôze stirns
| rôze stirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sterna dougallii | ||||||||||||
| Montagu | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De rôze stirns (Sterna dougallii) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini).
Beskriuiwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rôze stirns is 33 oant 36 sm lang en hat in spanwiidte fan 67 oant 76 sm en is meast wyt mei in swarte mûtse. Hy hat in lange foarkesturt en readoranje poaten. Simmerdeis is de tinne en skerpe snaffel swart mei in reade basis. Yn it briedkleed hat fûgel blaugrize boppedielen en in rôze búk. Winterdeis wurdt de foarholle wyt, wylst de snaffel donker is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rôze stirns is wiidferspraat yn grutte dielen fan 'e wrâld en lokaal talryk. Meast wurde op basis fan 'e snaffelkleur (de hoemannichte read) yn 'e regel fiif ûndersoarten ûnderskieden:
- Sterna dougallii arideensis (Mathews, 1912) - komt foar op 'e Seysjellen en op Madagaskar.
- Sterna dougallii bangsi (Mathews, 1912) - komt foar fan it Malakka-skiereilân en east nei Japan.
- Sterna dougallii dougallii – briedt lâns de Atlantyske kusten fan Noard-Amearika en Europa en oerwinteret respektivelik yn it Karibysk gebiet en West-Afrika.
- Sterna dougallii gracilis (Gould, 1845) - komt foar yn Austraalje.
- Sterna dougallii korustes ((Hume, 1874) – komt foar fan Yndia oant it Malakka-skiereilân mar wurdt oant yn Japan oantroffen.
De rôze stirns is genetysk it meast besibbe oan 'e tarastirns (Sterna striata) en swartnekkestirns (Sterna sumatrana).
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar as dwaalgast. De measte kâns op in waarnimming falt yn 'e moannen maaie en juny.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte briedt yn koloanjes tusken of ûnder rotsen oan kusten en eilannen yn holtes of ûnder fegetaasje mei oare wytstirnzen, lykas de gewoane wytstirns en de noardske stirns. Rôze stirnzen binne minder agressyf en meitsje gebrûk fan 'e fûle ferdigening fan harren nêsten troch oare soarten. Underdiel fan 'e hôfmakkerij is it oanbieden fan fiskjes troch it mantsje oan it wyfke. In lechsel bestiet út ien of twa aaien en komselden trije.
De fûgel briedt ek yn troch minsken makke nêstkasten, dy't maklik akseptearre wurde. De kasten jouwe beskerming tsjin rôfdieren lykas de sulvermiuw en ferbetterje it briedsukses. Dêrtroch koe in koloanje op it eilân Coquet yn Northumberland yn Ingelân tanimme fan 25 pearkes yn 1997 nei 92 pearkes yn 2005.
Rôze stirnzen dûke nei fisk, meast út de see, en binne folle mear oan 'e see bûn as de oare soarten fan it skaai. Ungewoan foar in wytstirns is dat de rôze stirns de oanstriid ha ta kleptoparasitêr gedrach, wêrby't er fisk stelt fan oare seefûgels. Yn Britske koloanjes bart dat meast fan seepappegaaien. Dy oanwenst fergruttet it fermogen fan rôze stirnzen by min waar iten te sammeljen. Dan swimme de fisken djipper, bûten berik fan 'e dûkende stirnzen, mar noch wol binnen it berik fan 'e djipper dûkende seepappegaaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e 19e iuw waard de fûgel bejage fanwegen de sturtfearren, dy't brûkt waarden om huodden mei fersieren. De lêste tiid is de rôze stirnsstern yn guon gebieten yn oantallen ôfnommen fanwegen predaasje troch oare seefûgels.
De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade list, ek al wurdt de fûgel regionaal as bedrige of sels earnstich bedrige beskôge. Ek al is it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel ûnbidich grut, de wrâldpopulaasje wrâldpopulaasje wurdt mei in rûzing fan 200.000 oant 220.000 fûgels (Wetlands International 2015) as relatyf lyts beöardiele.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wytstirns
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
