Springe nei ynhâld

Rôze protter

Ut Wikipedy
rôze protter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaairôze protters (Pastor)
Temminck, 1815
soarte
Pastor roseus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

De rôze protter (Pastor roseus, synonym: Sturnus roseus) is in fûgel út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Oant 2018 stie de soarte yn it skaai Sturnus. Yn in stúdzje fan 2018 die bliken dat Sturnus in polyfyletyske groep foarme en dêrom waarden de soarten fan dy groep beheind. Sûnt is de rôze protter yn it monotypyske skaai Pastor set.

Oerwinterjende fûgel yn Yndia.

Mei in lingte fan 19 oant 22 sm is de rôze protter like grut as de gewoane protter (Sturnus vulgaris). Hy weaget tusken de 59 en 89 gram. Ek syn bou is yn essinsje itselde as dy fan 'e protter; mei syn koarte, krêftige sturt en puntige, trijehoekige wjukken is it in rappe en goede fleaner.

In folwoeksen rôze protter is rôze op 'e búk, it boarst en op 'e rêch en fierder swart mei in bleekrôze snaffel en poaten. Mantsjes ha yn 'e briedtiid glânzgjende lange swarte fearren op 'e kop. Wyfkes binne wat doffer fan kleur, ha in koartere túf en brunere wjukken. Ek binne de oergongen tusken it rôze en it swart minder skerp. Jonge fûgels lykje in soad op 'e gewoane protter (Sturnus vulgaris), mar binne ljochter en te ûnderskieden mei't hja doffer binne en in koarte, stompe, by de basis gielige snaffel ha.

Rôze protters briede yn it súdeasten fan Europa en Sintraal-Aazje. Se briede yn koloanjes yn lânbougebieten en steppes. It is in trekfûgel en winterdeis binne se yn Yndia en tropysk Aazje te finen. Yn Sintraal-Europa komt er yn lytse oantallen foar en eartiids yn gruttere oantallen yn Hongarije. Yn oare lannen komt de soarte tige ûnregelmjittich foar en nei it westen ta wurdt er seldsumer. Untsnapte fûgels út finzenskip binne lykwols net ûngewoan, om't de rôze protter frij populêr is ûnder fokkers.

De soarte is in fûgel fan steppes en iepen agraryske gebieten en folget de gebieten dêr't in soad imerkes foarkomme. Faak wurde se yn losse kloften yn beammen en strûken waarnommen. By massamigraasjes fleane dizze sosjale fûgels ek oer hegere lânskippen of bercheftige regio's.

Groep rôze protters yn Kazachstan.

Koloanjes wurde normaal fûn by wetter, faak yn dellingen, mar nei it brieden ferhúzje se nei mear boskrike gebieten.

Yn Nederlân is de soarte in dwaalgast en as se waarnommen wurde is dat meastentiids tusken july en novimber yn 'e kustgebieten en de westlike Waadeilannen. Meastentiids binne dat fûgels fan it earste jier. Se minge harren yn sokke gefallen faak mei gewoane protters en kinne wiken hingjen bliuwe.[1]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It briedseizoen is koart en rint fan maaie oant july en is ek nau ferbûn mei de beskikberens fan iten. Se binne monogaam en briede yn grutte koloanjes, faak fan hûnderten oant wol tûzenen nêsten. Beide skaaien bouwe it nêst, dat makke is fan gers en tûken en beklaaid mei fyn gers en fearkes. It nêst leit yn in holte, faak tusken stiennen op in richel of yn in spjalt fan in rots. De lechsels besteane út trije oant seis aaien.

Yn 'e briedtiid yt de fûgel meast imerkes en oare ynsekten, nei it brieden ek fruchten. Winterdeis bestiet it iten út ynsekten, fruchten, sied en nektar.

De soarte hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren tige lyts. De grutte fan 'e Europeeske populaasje wurdt op 123.000 oant 459.000 folwoeksen fûgels rûsd (2012). Om't yn Europa 25% fan 'e populaasje libbet wurdt de wrâldpopulaasje op 450.000 oant 2.000.000 fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: