Springe nei ynhâld

Rôze pilekaan

Ut Wikipedy
Rôze pilekaan
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljepilekaanfûgels (Pelecanidae)
skaaipilekanen (Pelecanus)
soarte
Pelecanus crispus
Bruch, 1832
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     wintergast


De rôze pilekaan (Pelecanus onocrotalus) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).

Rôze pilekaan yn 'e flecht.

De fûgel wurdt 140 oant 178 sm lang en 9 oant 11 kg swier. De spanwiidte is 270 oant 360 sm. Wyfkes binne lytser as mantsjes. De snaffel is 29 oant 47 sm lang. Folwoeksen fûgels ha in wyt fearrekleed mei yn 'e briedtiid in rôze swym, in giel plak op it boarst en in túf op 'e kop. Ek wurde de kleuren fan 'e snaffel en kielsek dan helderder. De slachpinnen binne by folwoeksen fûgels swart en yn 'e flecht goed te sjen. De snaffel mei oan 'e ein in skerpe heak is griisgiel en de grutte kielsek is heldergiel, oranje of rôzewyt. De koarte poaten binne oranjerôze. Tusken de fjouwer teannen binne swimfluezen. De fûgel hat donkerbrune eagen mei dêr omhinne neakene gielrôze hûd, dy't yn 'e briedtiid opset.

Jonge fûgel.

By jonge fûgels is de mantel brún mei griis en de ûnderkant jiskegriis. Se wurde mei it âlder wurden witer.

De rôze pilekaan komt lokaal yn it suden fan Europa en Turkije oant Kazachstan en West-Mongoalje foar. De fûgel is [[wintergast[[ yn Yndia en tropysk Afrika. De grutste briedpopulaasjes yn Europa wurde fûn yn in oantal marren yn 'e Donaudelta yn Roemeenje, dêr't alle jierren 3.500–4.000 pearen briede. Yn Europa briedt de soarte ek by de Mikri Prespa-mar yn Grikelân, de Srebarna-mar yn Bulgarije, it Orlov-eilân yn 'e Oekraïne en yn in pear gebieten fan súdwestlik Ruslân.

De noardlike briedpopulaasjes binne trekfûgels en de Jeropeeske en Turkske populaasjes oerwinterje benammen yn tropysk Afrika en de Reade See. In oantal lytsere groepen oerwinterje yn Jeropa en Turkije en sûnt de lette jierren 1980 hawwe 1.000 oant 3.000 yndividuen ek oerwintere yn noardlik Israel. Briedfûgels út Kazachstan oerwinterje yn 'e súdlike Kaspyske See en yn Pakistan en Yndia. Briedpopulaasjes yn tropysk Afrika ferspriede har winterdeis oer grutte gebieten fan Afrika ûnder de Sahara. Om't pilekanen gebrûk meitsje fan termyk, migrrearret er benammen oer lân. De rôze pilekaan is regionaal útstoarn yn Eastenryk, Hongarije en Fjetnam.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rôze pilekanen yn 'e Donaudelta.

Rôze pilekanen ha tige spesifike habitateasken foar it brieden en wurde dêrom altiten lokaal fûn. Se briede yn grutte, ûndjippe wiete gebieten, lykas rivierdelta's, sompen en marren, benammen yn gebieten mei helder wetter dat ryk oan fisk is. De fûgels bouwe platfoarmeftige nêsten yn grutte en tichte reid- of strûkgebieten of fuort op platte, rotsige eilannen. In nêst bestiet yn 'e regel út twa aaien, mar somtiden ek mar út ien of oant maksimaal fjouwer aaien. Mantsjes en wyfkes briede de aaien yn 29 oant 36 dagen út en de jongen wurde ek troch beide âlden fersoarge. Nei 65 oant 70 dagen fleane de jongen út.

It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelt, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2021). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 265.000 en 295.000 fûgels (Wetlands International 2015). De Europeeske populaasje wurdt op 9.700-11.100 folwoeksen fûgels rûsd (BirdLife International 2015) en oannommen wurdt dat dy yn oantal tanimt.

Yn grutte dielen fan Afrika, fral Etioopje, bedriget DDT de soarte. It gefolch fan DDT is dat de stof him ophopet yn 'e pilekaan en dat de skaal fan 'e aaien tin wurdt, sadat de lechsels mislearje. Yn it noarden fan Afrika en it Midden-Easten foarmje PCB's in bedriging.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: