Springe nei ynhâld

Rôze miuw

Ut Wikipedy
rôze miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaairôze miuwen (Rhodostethia)
soarte
Rhodostethia rosea
MacGillivray, 1849
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     net-briedfûgel

De rôze miuw (Rhodostethia rosea) is in lytse seefûgel dy't yn it Arktysk gebiet briedt. De soarte is nau besibbe oan 'e lytse miuw. De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern).

Roze miuw yn Noarwegen.

Simmerdeis binne folwoeksen rôze miuwen griis oan 'e boppekant en wyt op 'e búk. Hy is rôze op it boarst en hat in swarte halsring. Winterdeis is er witer op it boarst en ûntbrekt de swarte halsring, wêrfan't dan allinnich noch in swarte plak efter it each oerbliuwt. It duorret twa jier foardat in jonge miuw it folwoeksen fearreklaad ûntwikkelet.

De rôze miuw wurdt ornaris as iennichste soarte yn it skaai Rhodostethia yndield. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat it de sustersoarte is fan 'e lytse kob (Hydrocoloeus minutus, foarhinne Larus minutus). Pons et al. (2005) stelden foar dat dizze en de lytse kob itselde skaai diele soene, wêrby't Hydrocoloeus prioriteit hat. Alle taksonomyske autoriteiten hawwe lykwols keazen om de rôze miuw yn Rhodostethia te hâlden om it eigen karakter fan 'e soarte te markearjen. De rôze miuw wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

De rôze miuw briedt yn 'e arktyske regio's, mar de krekte briedgebieten binne net folslein bekend. It wichtichste briedgebiet leit yn arktysk Ruslân, yn noardeastlik Sibearje, tusken de rivieren de Jana en de Kolyma. In lytse populaasje briedt ek op Grienlân en yn noardlik arktysk Kanada. Hy komt yn 'e briedtiid ek foar yn noardlik Japan en Sina, mar dêr giet it foaral om net-folwoeksen eksimplaren.

Rôze miuw as dwaalgast yn Belgje.

Yn 'e hjerst migrearret er oer koarte ôfstannen nei it suden. De measte eksimplaren fan 'e populaasje bliuwe op noardlike breedtegraden en oerwinterje op it oerflak fan it pakiis. In pear fûgels berikke as dwaalgast gebieten mei in tuskenbeide klimaat, lykas noardwestlik Europa. Ek yn Nederlân wurdt de fûgel út en troch as dwaalgast waarnommen. Guon eksimplaren trekke folle fierder nei it suden, mar sokke migraasjes binne tige seldsum.

De rôze miuw briedt yn tige losse koloanjes mei oare fûgelsoarten. It nêst bestiet út in kûltsje fuort op 'e grûn. It wyfke leit twa oant trije aaien, dy't troch beide âlders yn 21–23 dagen útbret wurde. De pearkes libje monogaam. De soarte libbet yn it briedgebiet foaral fan ynsekten, wylst er op 'e trek en winterdeis benammen libbet fan plankton, kreefteftigen en oare lytse wringeleazen oan it wetteroerflak, oanfolle mei lytse fisk.

De wrâldpopulaasje wurdt op 15.000 oant 70.000 folwoeksen fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: