Springe nei ynhâld

Rôze do

Ut Wikipedy
Rôze do
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedowen (Columbidae)
skaaireadsturtdowen (Nesoenas)
soarte
Nesoenas mayeri
(Prévost, 1843)
kwetsber

De rôze do of Mauritsiusdo (Nesoenas mayeri) is in fûgelsoarte yn 'e famylje dowen (Columbidae). De fûgel waard yn 1843 beskreaun en yllustrearre troch de Frânske natuerkundige Florent Prévost. De fûgel is endemysk op it eilân Mauritsius, dêr't er tige ôfhinklik is fan it krewearjen foar it behâld fan 'e soarte.

Rôze do by Le Pétrin, Mauritsius.

De do wurdt likernôch 38 sm lang en weaget oant 350 gram. It fearrekleed fan 'e kop fan 'e fûgel is rôzegriis. Se ha ek rôze skouders, in rôze ûnderkant en rôze poatsjes. Se hawwe donkerbrune wjukken en in brede, readbrune sturt. De snaffel is donkerrôze mei in wite bûge punt. De do hat in reade eachring. Der is gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

De Mauritsiusdo bestie earder út twa ûndersoarten. Ien dêrfan is útstoarn:

  • Nesoenas mayeri mayeri: Mauritsius.
  • Nesoenas mayeri duboisi: Réunion (útstoarn).

De soarte is noch altyd endemysk foar Mauritsius, in fulkanysk eilân yn 'e Yndyske Oseaan. It is in rotsich eilân mei in subtropysk klimaat, dêr't it faak reint. It biotoop fan 'e soarte bestiet út iggen fan rivieren yn ticht bosk. Mei't der noch mar 2% fan it oarspronklike lânseigen bosk oer is op it eilân, wurdt de soarte allinne noch yn it súdwesten fan it eilân waarnommen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mauritsiusdowen ite fruchten, sied, nuten en blêd. It sied en de nuten wurde yn it krop fermealle en foarfertarre. Ornaris libje se yn lytse groepen en trekke se troch it bosk om te foerazjearjen. Se hâlde hast konstant kontakt meiïnoar troch lûden, in bytsje lykas toarteldokes.

Oer it generaal binne rôze dowen monogaam. Mei in soad koeren, stapkes nei foarren en bûgjen makket it mantsje it wyfke it hôf. Tegearre bouwe de fûgels in nêst fan tûken yn in hege beam. It wyfkes leit twa wite aaien, dy't troch it wyfke en it mantsje útbret wurde. Nei in moanne oant 6 wiken fleane de jonge dowen út.

Jonge Mauritsiusdo.

It ferspriedingsgebiet fan 'e do is beheind en dêrfandinne is der kâns op utstjerren. De grutte fan 'e populaasje wie yn 1990 sa slim tebek rûn, dat der noch mar 10 wylde fûgels oer wiene en de do op 'e râne fan útstjerren stie. Dêrnei sette in beskermingsprogramma útein mei in dêrop folgjende taname. Sûnt it jier 2000 binne der mear as 300 fûgels. De organisaasje BirdLife International rûsde yn 2018 de populaasje op 250 oant 1000 folwoeksen fûgels. De oantallen binne net stabyl en ferdield yn fiif subpopulaasjes. It leefgebiet fan 'e soarte hat te slim lijen hân fan it ferneatigjen fan bosk. Ek yntrodusearre rôfdieren en sykten by wylde dieren foarmje oanhâldende bedrigingen, sadat de soarte ôfhinklik bliuwt fan soarch. Der is dêrfandinne in sûne populaasje yn finzenskip. De soarte stie oant 2000 as krityk en oant 2018 as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN. Hjoed-de-dei is de fûgel as kwetsber (VU) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: