Springe nei ynhâld

Rôlderfûgels

Ut Wikipedy
Rôlderfûgels
Yndyske rôlder (Coracias benghalensis)
Yndyske rôlder (Coracias benghalensis)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje:rôlderfûgels (Coraciidae)
Rafinesque-Schmaltz, 1815

De rôlderfûgels (wittenskiplike namme: Coraciidae) of skarrelders neamd, binne in famylje fan kleurige fûgels yn it skift fan de rôldereftigen (Coraciiformes). De famylje telt 13 soarten ferdield oer 2 skaaien. De measte famyljelidden komme yn Afrika foar, inkelde yn Súd-Aazje. Allinnich de gewoane rôlder komt ek yn Jeropa foar, yn Nederlân allinnich ûnregelmjittich. De rôlders binne trochinoar sa'n 30-35 cm grut, like sa grut as in lytse krie-eftige. De oerienkomst mei de krieën komt ek werom yn de wittenskiplike nammen Coraciiformes, Coraciidae en Coracias (Lat. corax = raven), mar oars as de krie-eftigen falle de rôlders net ûnder de sjongfûgels en binne dy net swart.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Coraciidae fan Wikimedia Commons.