Springe nei ynhâld

Rôlder

Ut Wikipedy
Rôlder
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljerôlderfûgels (Coraciidae)
skaairôlders (Coracias)
soarte
Coracias garrulus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     mooglik útstoarn

     wintergast


De rôlder (Coracias garrulus) is in fûgel út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae). It is de iennige Europeeske fertsjintwurdiger fan 'e famylje.

Fûgel by it nêst.

De rôlder is likernôch like grut as in ka en wurdt likernôch 31 oant 32 sm lang, in spanwiidte fan 52 oant 58 sm en 127 oant 154 gram swier. De fûgel hat in grutte kop mei in krêftige, swarte snaffel. It fearrekleed is grienblau mei djipblau op 'e lytse wjukdekfearren, stút en dielen fan 'e ûnderwjukken. De fûgel hat in De fûgel hat in readbrune rêch en de wjukpunten en de boppekant fan 'e sturt binne swart. Yn 'e flecht is er noch opfallender, om't de swarte wjukfearren ôfsteken tsjin it heldere blau. Hy fleant fluch en krêftich.

Juvenilen binne doffer en ha in ljochtere brune rêch.

De rôlder komt foar yn Súd- en East-Europa en yn Aazje fan Turkije en Irak oan West-Sina en Pakistan. It is in trekfûgel dy't yn augustus of septimber nei Afrika migrearret en yn april oant maaie werom komt yn it briedgebiet. It oantal rôlders yn Europa is ôfnommen mei't de lânbou feroare en grutskaliger waard. Oant yn 'e 19e iuw brieden rôlders ek yn Sweden, wylst se dêr hjoed-de-dei net mear foarkomme.

Der binne twa ûndersoarten:

  • C. g. garrulus: fan noardlik Afrika en sintraal en súdlik Europa oant Iran en súdwestlik Sibearje.
  • C. g. semenowi: fan Irak oant westlik Pakistan, de westlike Himalaya en sintraal Kazachstan.

Der is gjin bewiis dat de fûgel lykas yn Denemark of Dútslân ea yn Nederland in lânseigen fûgel west hat. Nederlân lei oan 'e râne fan it ferspriedingsgebiet. De soarte komt út en troch yn Nederlân as dwaalgast foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel hat in foarkar foar iepen, drûge gebieten mei hjir en dêr grutte, âlde beammen. Dêrnjonken moat der foldwaande dea hout wêze, dy't in goed habitat biede foar ynsekten. De fûgel is oerdei aktyf en wurdt meast waarnommen op in tûke of kabel op 'e strún nei in proai op 'e grûn.

Aaien.

Rôlders wurdt allinnich foar in koart skoft yn pearkes of lytse kloften sjoen. It nêst wurdt boud yn gatten fan âlde beammen, leafst yn ikebeammen, espen of bûkebeammen, mar ek yn dinnebeammen. In lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite aaien. Faak brûkt er âlde nêsten fan spjochten. De aaien wurde yn sawat 18 dagen útbret, meast troch it wyfke. Nei it útkommen fan 'e aaien duorret it likernôch 30 dagen dat se útfleane kinne.

Pearke yn Frankryk.

De wrâldpopulaasje wurdt op 100.000–500.000 fûgels rûsd, dêrfan libbet likernôch 40% yn Europa. Earder waard tocht dat de soarte yn Europa in skerpe delgong meimakke. Nije ynformaasje foar de Europeeske Reade List fan Fûgels fan 2015 wol ha dat de populaasje minder slim ôfnimt as earder oannommen, mei in ôfname fan sa'n 5-20% yn trije generaasjes (BirdLife International 2015). De fûgel hat in negative trend yn 'e Baltyske lannen en is útstoarn yn Sweden (19e iuw), Denemark (1868) en Dútslân (iere 20e iuw), mear resint ek yn dielen fan Sintraal-Europa. Bedrigingen foar de fûgel binne de yntinsivearring fan 'e lânbou en it ferdwinen fan it tradisjonele lânskip. Oant 2015 waard de fûgel troch de IUCN as kwetsber op 'e Reade list klassifisearre, sûnt wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2019) beöardiele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: