Springe nei ynhâld

Rêchfin

Ut Wikipedy
De rêchfin fan in haai.

In rêchfin of dorsale fin ("dorsaal" is it wittenskiplik eigenskipswurd dat ferwiist nei de rêch) is in fin dy't almeast healwei de rêch sit by de measte yn see of binnenwetters libjende wringedieren. Dit anatomyske elemint hat him troch konverginte evolúsje by tige ferskillende bistesoarten ûntjûn, wêrûnder fisken, beskate yn see en rivieren libjende sûchdieren (te witten: walfiskeftigen), en teffens by guon no útstoarne, yn see libjende reptilen, lykas ichtyosauriërs. Dêrtroch sjogge net alle rêchfinnen der itselde út.

De measte bisten mei rêchfinnen hawwe der mar ien, mar guon bienfisken hawwe twa of sels trije ûnderskate rêchfinnen. Bienfisken kinne har rêchfin ornaris platteare, mar kreakbienfisken (haaien) en sûchdieren net. By gruttere bisten, lykas haaien of orka's, brûke biologen de patroanen fan skurden en butsen yn 'e rêchfin faak om yndividuën te identifisearjen.

It wichtichste doel fan 'e rêchfin is om it bist te stabilisearjen tsjin omrôljen troch de streaming fan it wetter, en om te helpen by it útfieren fan hommelse feroarings fan swimrjochting. Guon soarten hawwe de rêchfin fierder ûntwikkele om oare doelen te tsjinjen. Sa brûke moannefisken (Molidae) har rêchfin en earsfin foar fuortbeweging. By finearmigen (Lophiiformes) is de foarkant fan 'e rêchfin útgroeid ta in soarte fan angelstôk, mei oan 'e útein eat dat liket op lokies (yn wittenskiplike termen in illicium of esca) om lytsere fisken nei de bek fan 'e finearmige ta te lokjen. Wer oare soarten, lykas marfallen (Siluriformes) en de toarnhaai (Squalus acanthias), hawwe in rêchfin ûntwikkele mei skerpe, rjochtopsteande, gifpuntige stikels by wize fan ferdigening tsjin rôfdieren. Seilfisken (Istiophorus) hawwe in reuseftige rêchfin, dy't ornaris plat leit en inkeld útklapt wurdt as se in iezing lytsere fisken geardriuwe wolle om se makliker fersline te kinnen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.