Springe nei ynhâld

Quirinusmunster

Ut Wikipedy
Quirinusmunster
Quirinus-Münster
Lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
DielsteatNoardryn-Westfalen
KreisRhein-Kreis Neuss
plakNeuss
adresMünsterplatz 23
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolyk
aartsbisdomKeulen
patroanhilligeQuirinus fan Neuss
statusBasilica minor
hjoeddeiske funksjeParochytsjerke
Arsjitektuer
arsjitektMaster Wolbero
boujier1209 – 1230
boustylromaansk-goatysk
hichte65 m
monumintale statusBaudenkmal
monumintnûmer1/057 (A 253)
Webside
www.quirinusmunster.de
Kaart
Quirinusmunster (Noardryn-Westfalen)
Quirinusmunster
Quirinusmunster yn Noardryn-Westfalen

It Quirinusmunster (Dútsk: Quirinus-Münster) is in tsjerke yn 'e Rynlânske oergongsstyl oan 'e Nederryn yn 'e stêd Neuss. De tsjerke waard yn 'e jierren tusken 1209 en 1230 boud en waard op 6 oktober 2009 troch paus Benediktus XVI, op fersyk fan 'e Keulske aartsbiskop Joachim Meisner ferheft ta basilica minor. De munster is wijd oan 'e hillige Quirinus fan Neuss, in wichtige Romeinske martelder út de 3e iuw, dy't yn Neuss ferearre wurdt sûnt de reliken fan 'e martelder yn it jier 1050 as geskink fan paus Leo IX oan abdis Gepa nei de stêd brocht waarden.

Yn it jier 16 f.Kr. stiften Romeinen in legioenskamp besuden de hjoeddeiske âlde binnenstêd. Bûten it militêre gebiet ûntstie al gau in delsetting. Troch fynsten wurdt tocht dat der – lykas yn Keulen of Xanten – ûnder de Romeinske befolking ek kristenen wiene.

Lykas by de Romeinen wenst wie, waarden de ferstoarnen bûten de delsetting begroeven. Sa'n grêfjild lei op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke. Under de munster binne resten fan in apsis út de Romeinske tiid fûn. Dy binne ûnderdiel fan in cella memoriae, in antyk gebou om de deaden te betinken en binne troch in glêzen plaat yn 'e hjoeddeiske flier te sjen.

Om it jier 850 hinne kaam it ta de stifting fan in kleaster. Oft dat kleaster de ynfal fan 'e Wytsings yn 866 oerlibbe is net wis. Wis is it wol dat it kleaster yn 'e twadde helte fan 'e 12e iuw omfoarme waard ta in aadlik frouljusstift, in kanunnikenstift ûnder it patronaat fan Sint-Quirinus.

De earste skriftlike fermelding fan in tsjerke op it plak datearret fan 1043 by gelegenheid fan in skinking troch Hindrik III. Yn dat dokumint wurdt ek de stêdspatroan Quirinus foar it earst neamd. Syn reliken waarden neffens de âlde oerlevering yn it jier 1050 troch de Neusser abdis Gepa, de suster fan paus Leo IX, fan Rome nei Neuss brocht.

In grutte stream pylgers wie it gefolch en sadwaande waard op 9 oktober 1209 útein set mei de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke. Dy datum is bekend troch de betinkingsstien dy't yn it súdlike sydskip yn it muorrewurk ynmitsele is.

Byld fan Quirinus op de krusingstoer.

De tsjerke krige in hast 100 meter hege westlike toer, dy't it stedsbyld fan Neuss oant yn de 18e iuw bepaalde. Al yn it jier 1496 waard de toer troffen troch de bliksem, wêrby't de klokken dy't deryn hongen ferlern gyngen. Yn it jier 1741 waard de tsjerke op 'e nij swier skansearre troch bliksemynslach en de brân dy't dêrop folge. De goatyske spitsen fan 'e west- en easttoer boppe de krusing en ek guon dwerggaleryen waarden net wer opboud. Ynstee dêrfan krige it gebou de barokke koepel mei it stânbyld fan Quirinus en in plat piramidedak op 'e haadtoer.

De gefolgen fan 'e Frânske Revolúsje wiene rampsalich. Weardefolle keunstwurken wiene foar de besetting yn feilichheid brocht en kamen net mear werom of waarden fernield. De tsjerke tsjinne as opslachromte en de kleastergebouwen waarden ôfbrutsen.

Ek dêrnei soe de munster noch skansearrings ûndergean lykas yn it jier 1914 by in brân yn 'e toer en yn 1944 by in bombardemint, wêrby't guon minsken yn 'e krypt de dea fûnen. Mei tank oan 'e oanhâldende en kostbere restauraasjes is de munster 800 jier nei it boubegjin wer yn in tige goede steat.

Plattegrûn mei it eastlike koer yn 'e Rynlânske klaverblêdstyl.

De Quirinusmunster jildt as in treflik foarbyld fan 'e sakrale arsjitektuer yn 'e oergongstiid fan romaanske arsjitektuer nei de gotyk yn Dútslân. De pylgerbasilyk is boppedat it lêste grutte tsjerkegbou yn 'e Rynlânske klaverblêdstyl, wêrby't de dwersskippen in selde rûne ôfsluting ha as de apsis.

Karakteristyk foar it oansjen fan 'e Quirinusmunster is it kleurkontrast tusken ljochte dowestien en swarte basalt. Beide stiensoarten binne fan fulkanyske oarsprong en binne yn 'e Eifel wûn en mei it skip oer de Ryn nei Neuss ferfierd.

De tige ryk fersierde gevel fan 'e munster.

De gevel en it westwurk fan 'e munster binne oerweldigjend ryk fersierd mei romaanske lisenen, grutte blynarkades en bôgefriezen. Nei alle gedachten moasten der neffens it oarspronklike ûntwerp twa tuorren komme, lykas oan 'e yndieling yn it ûnderste part fan 'e gevel te sjen is. Troch fersieringen yn it middelste part fan 'e gevel wurdt de oergong nei de ienfâldige, sintrale toer makke. De gotyk hie al ynfloed op 'e bou yn Neuss, want oan 'e toer fan 'e munster binne al in pear spitsbôgen te sjen. De toer wie mei syn hast 100 meter hichte de heechste yn it Rynlân, mar waard troch in brân nei in bliksemynslach yn 1741 mei mear as 30 meter ynkoarte. Tagelyk krige de krusingstoer in barokke kap mei in Quirinusstânbyld as bekroaning.

It haadportaal wie allinnich ornearre foar de abdis en de hegere geastlikheid; de pylgers en de befolking brûkten it riker útwurke súdlike portaal. Sûnt 1995 is hjir in portaal set, dat makke is troch de Keulske byldhouwer Elmar Hillebrand. Dy is skonken troch de Neusser Bürgerschützenverein en ferbyldet alle beskermhilligen fan 'e feriening. Foar it portaal stiet in stânbyld út 1998 fan 'e selde keunstner fan 'e Keulske aartsbiskop Joseph Frings, dy't berne is yn Neuss en yn 'e munster syn earste hillige misse (primis) fierde.

Ynterieur.

De tsjerke is trijeskippich en it ynterieur docht troch de hicht hast goatysk oan. It tsjerkekskip is mar sa'n 5 meter leger as de Notre-Dame yn Parys. De opbou fan 'e muorre is yn trije dielen: boppe de arkades iepenet him in galerij, en dêrboppe is ljochtbeuk.

Under it alter leit it âldste part fan 'e tsjerke – de krypt mei twa rûne pylders út de tiid om 1050 hinne en flierresten út de 9e iuw. Boppe it alter ferriist ien fan 'e heechste lantearntuorren fan Midden-Europa.

Hoewol't in grut diel fan 'e oarspronklike, rike ynventaris yn 'e Twadde Wrâldkriich ferlern gien is, hat de Quirinusmunster noch altyd in soad te bieden en is de ynventaris oanfolle mei moderne keunstwurken:

Skryn fan Quirinus.
  • De Quirinusskryn (1900) bewarret de reliken fan 'e hillige en stiet yn 'e apsis. It is in wurk fan goudsmid Bernhard Witte út Aken. De dragende plaat fan 'e skryn rêst op fjouwer stiennen profeten, makke troch Hein Minkenberg. Flakby steane it tintinnabulum en it conopeum, de tekenen fan in basilica minor.
  • Yn it súdlike sydalter stiet in Romeinske sarkofaach mei in letromaanske grêfplaat, mei dêrop in 16e-iuwsk byld fan Quirinus as ridder mei skyld en lâns (út de rûnte fan 'e Keulske byldhouwer Tilmann van der Burch).
Pestkrús.
  • Oan 'e noardlike muorrepylder hinget in pestkrús of foarkekrús út ± 1360, dat de lijende Kristus mei pestpûden sjen lit.
  • Let-goatyske Madonna (± 1400–1430)
  • Oan 'e súdlike pylders steane bylden fan Anne Trijeresom (begjin 16e iuw), in Piëta (± 1430), in barokke Mattias en in 16e-iuwske Petrus.
  • Grut houten krús (1592): in grut krús mei in ekspresjoneel Kristusbyld, dat sintraal yn it middenskip op 'e hichte fan 'e oargelgalerij hinget.
  • De grutte muorreskilderings yn 'e apsiden binne yn 1863–1864 makke troch de Düsseldorfse Nazarener Franz Ittenbach.
  • It Joazefsalter út 1871 is oprjochte yn it noardlike sydskip yn it ramt fan it sulveren jubileum fan paus Pius IX.
  • De koerbanken (15e iuw) binne yn 'e oarloch foar in part skansearre en steane hjoed-de-dei yn 'e noardlike en súdlik apsis fan it dwersskip.

Moderne keunstwurken:

  • Kristoffelbyld (1936/37): in mear as libbensgrut byld fan 'e hillige Kristoffel troch Hein Minkenberg by it haadportaal.
  • Pauslik wapenskyld (2010): In Italjaansk emaillearre skyld mei it wapen fan paus Benediktus XVI oan 'e oargelgalerij, ûnder waans pontifikaat de tsjerke ta basilica minor ferheft waard.
  • Moderne keunstwurken fan Elmar Hillebrand binne it moderne folksalter (1970) fan Portegeesk moarmer ûnder de koepel mei reliëfs fan it libben fan Kristus, in brûnzen byld fan kardinaal Frings (2000) flakby it alter, it tabernakel, de ambo, it doksaal en in krúswei.

It oargel waard yn 1907 boud troch de ferneamde Dútske oargelboufirma Romanus Seifert & Sohn út Kevelaer. It wie doe ien fan harren grutste en meast foarútstribjende projekten. De klaviatuer gyng by it delstoarten fan 'e klokken troch de brân fan 1914 ferlern, mar de grutte pipen en de wynladen fan 'e sydkreaken hawwe dy toerbrân en ek de lettere bombardeminten fan 1944 troch útbou foar in hiel grut part oerlibbe. Dêrtroch is it ynstrumint – nettsjinsteande de oarlochsskea oan 'e tsjerke sels – ien fan 'e bêst bewarre, grutte heechromantyske oargels út dy tiid yn it hiele Rynlân.

Tusken 1993 en 1994 hat de firma Seifert it oargel folslein restaurearre en weromgebracht yn de oarspronklike steat fan 1907, mei de technyk fan no. It haadoargel hat hjoed-de-dei 86 registers ferdield oer fjouwer manualen.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Quirinus-Münster (Neuss)