Quirinus fan Neuss
| Quirinus fan Neuss | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Quirinus | |
| nasjonaliteit | Romeinske Ryk | |
| stjerdatum | 2e iuw | |
| stjerplak | Rome | |
| wurkpaad | ||
| berop | Romeinsk militêr (tribún) | |
| hillichferklearring | ||
| hillich ferkl. | Tradisjoneel | |
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 30 april (Translatio) | |
| hillichdom | Quirinusmûnster (Neuss) (sûnt 2009 Basilica minor) | |
| attributen | Romeinsk harnas, miter, lâns, flagge, skyld mei njoggen bollen, martelaarspalm | |
| patroan fan | Stêd Neuss; hynders, fee en ridders | |
| tradysje | wurdt oanroppen by krupsjes oan skonken en fuotten, jicht, lammen, swolms, útslach, pest, pine yn 't ear, krop, fistels, bonkerot, pokken en hynstekrupskjes | |
Quirinus fan Neuss wie neffens de kristlike tradysje in Romeinske tribún en in kristlike martelder út de 2e iuw, dy't ûnder keizer Hadrianus (117–138) ûnthalze waard. Syn nammedei wurdt yn Neuss en it aartsbisdom Keulen fierd op 30 april.
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om it libben fan Quirinus binne in soad legindes ûntstean, mar der binne gjin fêste histoaryske boarnen oer him. Neffens syn Passio (it marteldersferhaal), dy't yn 'e 6e of 7e iuw skreaun waard, wie er as Romeinsk tribún de finzenisbewekker fan 'e hillige paus Aleksander I en bekearde er him tegearre mei syn dochter Balbina ta it kristendom. Om't er as kristen ferfolge waard ûnder keizer Hadrianus, waard er ûnthalze en begroeven yn 'e katakomben fan Praetextatus oan 'e Via Appia yn Rome.
Neffens in lokale leginde dy't pas yn 'e 15e of 16e iuw ûntstie, skonk paus Leo IX yn it jier 1050 de reliken fan Quirinus oan syn suster Gepa, dy't abdis wie fan it jufferstift (kleaster foar aadlike dames) yn Neuss. Ta eare fan 'e reliken, dy't yn in kostbere gouden skryn bewarre wurde, waard de Sint-Quirinustsjerke yn Neuss boud. Dochs is in ferearing fan Quirinus en in Quirinusfeest op 30 april – de dei fan syn translatio (it oerbringen fan 'e reliken) – al fan foar dy tiid yn Neuss oan te wizen. Mooglik hie dy oarspronklik lykwols betrekking op Quirinus fan Siscia.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Quirinus wurdt ôfbylde mei in martlerspalm en foaral sûnt de 17e iuw as in Romeinsk offisier mei in helm, lâns, flagge en wapenskyld. As Quirinus fan Neuss draacht er faak in wapenskyld of in flagge mei njoggen bollen. Dizze njoggen bollen foarmje in folksetymologyske ferwizing fan 'e Romeinske namme fan Neuss (Castrum Novaesium) nei it Latynske telwurd novem (njoggen).
Ofbylden fan in hillige Quirinus as biskop hawwe lykwols betrekking op oare hilligen mei deselde namme út de 3e of 4e iuw, nammentlik de biskoppen fan Rouen of fan Sisak yn Kroaasje.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt de 11e iuw is Quirinus de stêdspatroan fan Neuss. Syn feest is op 30 april en wurdt yn it aartsbisdom Keulen en yn Neuss (dêr as heechfeest) fierd ta oantinken fan 'e oerlevere dei fan 'e translatio. As dy dei op in snein falt hat it feest foarrang, oars fynt de relikwyprossesje op 'e folgjende snein plak. De reliken wurde bewarre yn in kostbere skryn yn 'e spesjaal foar dat doel boude Quirinusmunster (boud yn 'e jierren 1209–1250) yn Neuss. In âldere skryn is as brûklien fan de munsterparochy te sjen yn it Clemens-Sels-Museum fan Neuss.
De nijere skryn waard troch de ynwenners fan Neuss foar it Quirinus-jubileum yn it jier 1900 jûn en is in ûntwerp fan 'e Akenske goudsmid Bernhard Witte en makke yn syn Akenske wurkplak August Witte GmbH. In pear hilligen, biskoppen, it sittende figuer en it reliëf mei sênes út it libben fan 'e hillige Quirinus wurde tawiisd oan syn broer August Witte (2).
Syn ferearing fûn al rap syn wei oer hiel Europa. Njonken Hubertus, Kornelius en Antonius de Klûsner heart er by de saneamde Fjouwer hillige Maarskalken. Hy is fierders de patroan fan hynders, fee en ridders en wurdt oanroppen tsjin krupsjes oan 'e skonken of fuotten, jicht, lammens, swolms, útslach, pest, pine yn 't ear, krop (struma), fistels, bonkerot, pokken en hynstekwalen. Neuss waard dêrtroch yn 'e midsiuwen (njonken Keulen en Aken) ien fan 'e wichtichste beafeartsplakken yn it Rynlân. Njonken it besjen fan 'e wûnderdiedige reliken besochten de minsken ek it wûnderdiedige wetter út 'e plasse fan 'e hillige te drinken.
Oant hjoed-de-dei (fral om 30 april hinne) geane der minsken op beafeart nei de Quirinus-skryn nei de tsjerke, dy't sûnt 2009 in Basilica minor is. Yn it jier 2008 stifte pastoar Guido Assmann de tradysje fan 'e Quirinus-beafeartsoktaaf, dy't sûnt dy tiid mei de relikwyprossesje foarôfgiet oan it feest
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
