Springe nei ynhâld

Taiwangoudfink

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pyrrhula owstoni)
Taiwangoudfink

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljefinkfûgels (Fringillidae)
skaaigoudfinken (Pyrrhula)
soarte
Pyrrhula owstoni
Rothschild & Hartert, 1907
IUCN-status: gjin beöardieling

De Taiwangoudfink (Pyrrhula owstoni) is in sjongfûgel yn it skaai goudfinken (Pyrrhula) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).

Taiwaneeske goudfinken binne mûtele finken mei in swart gesichtsmasker. It mantsje is pearelgriis mei in swymke rôze op it boarst. It wyfke hat in griis kopke, wylst se op 'e rêch en búk waarmbrún is. Beide skaaien ha in glânzjend swarte sturt en markearrings op 'e wjukken.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is endemysk yn Taiwan en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is. Earder waard er as in ûndersoarte fan 'e griiskopgoudfink (P. erythaca) beskôge, mar de fûgel wurdt hjoed-de-dei meast as in aparte soarte ûnderskieden nei 't út stúdzjes bliken die dat der genetyske, morfologyske en fokale ferskillen binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Taiwangoudfink wurdt yn berchbosken en op heuvels oantroffen mei sawol konifearbosken as mingde bosken. Winterdeis migrearret de fûgel nei legere dielen.

De IUCN erkent de fûgel noch net as in aparte soarte en dêrom is der noch gjin beöardieling fan 'e status (2025).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: