Afgaanske grûnmosk
| Afgaanske grûnmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pyrgilauda theresae | ||||||||||||
| Meinertzhagen, 1937 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Afgaanske grûnmosk (Pyrgilauda theresae) is in sjongfûgel yn it skaai grûnmosken (Pyrgilauda) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Afgaanske grûnmosken binne 13,5 oant 15 sm lange grûnmosken. Tusken mantsjes en wyfkes binne ferskillen. It mantsje is griisbrún mei wite eleminten op 'e wjukken, in swart masker en in twadielich swart plak op 'e kiel. It wyfke skaait mear de bêzjebrune kant út en hat in minder dúdlik masker en minder wyt op 'e wjukken. Op 'e rêch binne donkere streken te sjen en de sturt hat in wite bân, útsein op 'e twa middelste sturtfearren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk foar Afganistan en komt allinnich foar yn it noardlike diel fan 'e Hindu Kush. Dêr wurdt er oantroffen yn bercheftich gebiet op hichten tusken 2.575 oant 3.000 m. Winterdeis migrearret er fral nei swiere sniefal nei de legere dielen en wat mear nei it noarden oant somtiden súdlik Turkmenistan.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte yt sied fan planten lykas Carex pachystylis, Convolvulus divaricatus en Thuspeinantha persica, mar ek ynsekten. Winterdeis foarmet er grutte groepen fan tsientallen oant hûnderten fûgels, tegearre mei oare soarten sniemosken, rotsmosken en ljurkfûgels.
It nêst sit yn hoalen dy't groeven binne troch kjifdieren lykas marmotten en fral fan giele grûniikhoarntsjes. It wurdt mei fearkes en hier fan geiten of oare bisten beklaaid.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat net in grut ferspriedingsgebiet en in lytse populaasje. De populaasje is lykwols stabyl en der binne gjin grutte bedrigingen bekend. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar wurdt as net in soad foarkommend oant lokaal algemien omskreaun.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spesifike namme fan 'e fûgel ferwiist nei Theresa Rachel Clay (1911-1995), in Britske parasitolooch, in saakkundige op it mêd fan fûgelluzen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
