Pyreneesk snieloaihoars
Pyreneesk snieloaihoars | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Panthera pyrenaica | ||||||||||||
Hemmer, 2022 | ||||||||||||
status: útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
It Pyreneesk snieloaihoars (wittenskiplike namme: Panthera pyrenaica, synonym Panthera uncia pyrenaica en Panthera pardus tautavelensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). Dit bist libbe yn it Mid-Pleistoseen (570.000 oant 530.000 jier lyn) yn súdlik Frankryk. Ier ûndersyk wiisde derop dat it in ûndersoarte fan it snieloaihoars (Panthera uncia) wie, mar letter waard it as in selsstannige soarte yn skaai fan 'e panters pleatst.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste fossyl fan it Pyreneesk snieloaihoars wie in ûnderkaak dy't tsjin 'e ein fan 'e 2000-er jierren fûn waard yn 'e Arago-grot by Tautavel, yn it departemint Pyrenées-Orientales yn súdlik Frankryk. It waard presintearre troch paleöntolooch A. Testu et al. op it 16e International Cave Bear and [Cave] Lion Symposium, dat ein septimber 2010 holden waard yn Azé, yn it departemint Saône-et-Loire. Testu-en-dy ynterpretearren it as in nije ûndersoarte fan it loaihoars (Panthera pardus) en joegen it dêrom de wittenskiplike namme Panthera pardus tautavelensis, nei it plak dêr't it fûn wie. Om't dy namme lykwols inkeld yn it program fan it symposium publisearre waard, en net formeel yn in wittenskiplik tydskrift, wurdt it beskôge as in nomen nudum (in ûnjildige namme).
De earste jildige wittenskiplike beskriuwing fan it bist, wie sadwaande dy dy't yn 2022 troch Helmut Hemmer publisearre waard. Hemmer tocht dat it gie om in nije ûndersoarte fan it snieloaihoars (Panthera uncia), en neamde it bist Panthera uncia pyrenaica: it Pyreneesk snieloaihoars. Yn 2025 beskreaune Jiangzuo Q. et al. in oare nije Jeropeeske ûndersoarte fan it snieloaihoars, it Lusitaansk snieloaihoars (Panthera uncia lusitana) út Portegal. It die bliken dat it Pyreneesk snieloaihoars troch in gebrek oan oerienkommende morfologyske skaaimerken mei it nije fossyl net mear as in ûndersoarte fan it snieloaihoars beskôge wurde koe, mar nei alle gedachten dochs nauwer besibbe wie mei it loaihoars, al wie it ek net in ûndersoarte fan dat bist. Dêrom pleatsten Jiangzuo-en-dy it Pyreneesk snieloaihoars ûnder de wittenskiplike namme Panthera pyrenaica as in selsstannige soarte binnen it skaai fan 'e panters.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |