Springe nei ynhâld

Pylos

Ut Wikipedy
Pylos
Πύλος
Bestjoer
Lânflagge fan Grikelân Grikelân Grikelân
regioPeloponnesos
gemeentePylos-Nestoras
Sifers
Ynwennertal2.221 (2021)[1]
Oerflak143,91 km²
Hichte0-14 m
Oar
Koördinaten36°54' N 21°41' E
Kaart
Pylos (Grikelân)
Pylos

Pylos (Gryksk: Πύλος) is in dielgemeente (dimotiki enotita) fan 'e fúzjegemeente (dimos) Pylos-Nestoras yn 'e Grykske bestjoerlike regio (periferia) Peloponnesos. It plak leit oan 'e westlike kust fan 'e Peloponnesos en is op in heuvel boud. Tichteby de stêd leit it eilân Sfaktiria

Yn 'e midsiuwen hjitte Pylos Navaríno, in ferbastering fan de Grykske wurden "των Αβαρίνων" ("ton Avarínon"), itjinge "fan 'e Avaren" betsjut, in ferwizing nei de Avaren dy't hjir yn 'e 6e iuw binnenfoelen. It "Neokastro" ("Nij Fort) oan it súdein fan 'e baai waard yn 1573 oanlein troch de Turken en wie fan 1686 oant 1715 yn Feneesjaanske hannen.

Slach fan Navaríno.

Yn' e baai fan Navaríno fûn op 20 oktober 1827 yn it ramt fan 'e Grykske Unôfhinklikheidskriich tusken in Frânsk-Ingelsk-Russyske float mei de Turksk-Egyptyske float de slach fan Navaríno plak. Dy slach betsjutte de ein fan 'e Turkske besetting fan Grikelân.

Pylos is ek bekend fan in fjildslach yn 'e Peloponnezyske Kriich tusken Sparta en Atene. Nei alle gedachten lei Pylos eartiids op de rotseftige omjouwing noardlik fan 'e Baai fan Pylos. Dat plak hjit hjoed-de-dei Koriphasia. It plak waard troch de kronykskriuwer Thucydides beskreaun hoe't de Ateenske diplomaat Cleon in ekspedysje stjoerde om dat plak te oermasterjen. Atene wist in oantal Spartaanske krigers op it eilân Sfaktiria te isolearjen. De Spartanen woenen harren finzen nommen maten werom en sa kaam it ta in striid, dy't de Spartanen ferlear.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: