Springe nei ynhâld

Pylksturtglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pylksturtglânsprotter)
Pylksturtglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis acuticaudus
Bocage, 1869
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De pylksturtglânsstaar of pylksturtglânsprotter (Lamprotornis acuticaudus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Pylksturtglânsstaren binne slanke protters mei in skimerjend grien fearrekleed. De kylfoarmige sturt is karakteristyk. It each is read by it mantsje, oranje by it wyfke. Njonken de sturtfoarm ferskilt de fûgel fan ferlykbere soarten troch syn langwerpige lichemsfoarm en it ûntbrekken fan pears of blau yn it fearrekleed.

De pylksturtglânsstaar wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:

  • Lamprotornis acuticaudus acuticaudus - komt foar fan sintraal Angoala oant Sambia en súdwestlik Tanzania.
  • Lamprotornis acuticaudus ecki - komt foar yn noardlik Namybje en it oangrinzgjende súdlike Angoala.

It habitat bestiet út savannebosken fan it type miombo en gebieten dêr't de Baikiaea plurijuga groeit. Meast wurdt de fûgel yn lytse kloften waarnommen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt stabyl beskôge. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre. Der binne op it stuit gjin substansjele bedrigingen foar de fûgel. Der is gjin rûzing (2025) fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar pylksturtglânsstaren wurde yn guon gebieten omskreaun as de meast foarkommende glânsprotter.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: