Springe nei ynhâld

Ezelspinguïn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pygoscelis papua)
ezelspinguïn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaiboarstelsturtpinguïns (Pygoscelis)
soarte
Pygoscelis papua
Forster, 1781
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De ezelspinguïn (Pygoscelis papua) is ien fan 'e trije soarten yn it skaai boarstelsturtpinguïns (Pygoscelis) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae).

De spesifike namme papua is in fersin. Yn 'e wittenskiplike beskriuwing troch Johann Reinhold Forster, in natuerûndersiker dy't mei kaptein James Cook de wrâld omsile, mei fersin oan dat de soarte op Papoeä (Nij-Guineä) foarkaam, wylst de tichtstby libbjende fûgels sa'n 6.000 km súdliker nei it suden foarkomme (nammentlik op Macquarie Island).

Famylje op Wiencke Island.

De ezelspinguïn wurdt likernôch 70 oant 90 sintimeter lang. Mantsjes weage likernôch 8 kg flak foar it ferfearjen en sakje krekt foar it pearseizoen nei sawat 5.5 kg. Wyfkes weage op har hichtepunt sawat 7.5 kg en sakje nei minder as 5 kg as se har jongen yn it nêst beweitsje. De fûgel hat in opfallende wite streek oer de boppekant fan 'e kop en in oranje snaffel. Hy hat de rop fan in ezel en is de rapst swimmende pinguïn, dy't oant 36 km yn 't oere helje kin.

De ezelspinguïn is nei de keizerspinguïn en de keningspinguïn de op twa nei grutste pinguïn.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar 2021 waarden mar twa ûndersoarten fan 'e ezelspingüin erkend: de P. p. papua (de subantarktyske ezelspinguïn) en de lytsere P. p. ellsworthi (Antarktyske ezelspinguïn). In stúdzje út 2020 stelde lykwols út om de ezelspinguïn yn fjouwer morfologysk ferlykbere, mar aparte soarten op te dielen. It International Ornithological Congress naam de resultaten fan 'e stúdzje yn 2021 oer, mar degradearre de nij erkende of nij beskreaune soarten ta ûndersoarten fan P. papua.

OfbyldUndersoarteFersprieding
P. p. taeniata (eastlike ezelspinguïn) (Peale, 1849)Crozeteilannen, Prins Edwardeilannen, Marioneilân, Kerguelen en Macquarie-eilân
P. p. papua (noardlike ezelspinguïn) (Forster, 1781)Falklâneilannen, Isla de los Estados en de punt fan Súd-Amearika.
P. p. ellsworthi (súdlike ezelspinguïn) (Murphy, 1947)Antarktika, Súdlike Orkneyeilannen, Súdlike Shetlandeilannen en de Súdlike Sandwicheilannen.
P. p. poncetii (Súd-Georgje-ezelspinguïn) (Tyler, Bonfitto, Clucas, Reddy & Younger, 2020)Súd-Georgje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De briedkoloanjes fan ezelspinguïn lizze op iisfrije flaktes. In koloanje kinne fuort oan 'e kust mar ek in pear km it lân yn lizze. In nêst, in steapel stiennen, bestiet út twa aaien, dy't troch beide âlden yn 34 oant 36 dagen útbret wurde. De jongen fûgels bliuwe sawat 30 dagen op it nêst foardat se har by oare jongen yn 'e koloanje oanslute en in kres foarmje. Nei 80 oant 100 dagen geane de jonge fûgels de see op.

De fûgel yt fisk, kreeft, kril en inketfisk.

In skraits falt in jonge ezelspinguïn oan.

Op 'e see jeie seeloaihoarsen, seeliuwen en orka's op 'e pinguïn. Op it lân ha se as folwoeksen en sûne fûgel gjin fijannen, mar reuzestoarmfûgels en grutte skraitsen en oare seefûgels deadzje in soad jonge fûgels en stelle aaien. Ek falle se sike folwoeksen ezelpinguïns oan.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en it oantal briedpearen yn bekende koloanjes kin jier op jier grutte ferskillen toane. De oantallen yn it suden fan syn ferspriedingsgebiet, lykas op Antarktika, nimme ta, mar yn 'e súdwestlike Yndyske Oseaan nimme de oantallen ôf. Oer it algemien wurdt oannommen dat de wrâldbefolking stabyl is. Oant 2016 waard de fûgel troch de IUCN as hast bedrige op 'e Reade list klassifisearre. Hjoed-de-dei (2025) wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre. In rûzing fan 2016 giet út fan in populaasje fan 774.000 folwoeksen fûgels. Minsklike bedrigingen foarmje fersmoarging, oaljeloazings, fiskerij en rekreaasje-aktiviteiten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: