Puntkat

In puntkat is in kat (Felis catus) mei in pels dy't oan 'e úteinen (poaten, sturt, snút en earen) in oare kleur hat as op it lichem. Yn prinsipe kin in puntkat in ljochter kleure lichem en dûnkerder kleure úteinen hawwe, mar ek in dûnkerder kleure lichem mei ljochter kleure úteinen. Dat lêste komt lykwols net foar, of it moat gean om in kat mei in swart lichem en wite poaten, mar sa'n kat wurdt gjin puntkat neamd, mar gewoan in bûnte kat.
Puntkleuring komt by katten eins allinnich yn raskatten foar. It bekendste katteras dat karakterisearre wurde kin as in puntkat, is de Siameeske kat, dy't in bêzjekleurich hier op it lichem hat en sûkearjebrún oant swart hier op 'e sturt, poaten, earen en yn it gesicht.
Behalven by katten komt puntkleuring ek foar by oare bisten, lykas hûnen, nuete kninen, kij, skiep en hynders.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- puntkleuring by nuete kninen
- puntkleuring by in hûn
- puntkleuring by in hynder
- puntkleuring by kij
- puntkleuring by in skiep
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
