Loaihoarspoema
| loaihoarspoema | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Puma pardoides | ||||||||||||
| Owen, 1846 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
De loaihoarspoema (wittenskiplike namme: Puma pardoides) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e poema's (Puma). Dit bist libbe yn it Plioseen en it Pleistoseen, oant likernôch 850.000 jier lyn. It is bekend fan fossilen dy't ferspraat oer Jeraazje fûn binne.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De loaihoarspoema waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1846 troch de Ingelske paleöntolooch Richard Owen. De oarspronklike wittenskiplike namme wie Felis pardoides. It skaai Felis, dat tsjintwurdich brûkt wurdt foar de wylde katten, foarme doe in soarte fan sammelbak foar alle kateftigen. Letter waard dit bist fanwegen oerienkomsten mei de poema (Puma concolor) by it skaai fan 'e poema's (Puma) yndield. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, pardoides, betsjut "op in loaihoars lykjend", fan 'e wittenskiplike namme foar it loaihoars, (Panthera) pardus.
In folsleine plasse waard yn 1954 troch Jean Viret beskreaun ûnder de wittenskiplike namme Panthera schaubi, mar waard yn 1965 ferpleatst nei in nij skaai ûnder de namme Viretailurus schaubi, fanwegen ferskillen mei oare grutte katten út it skaai fan 'e panters (Panthera). Yn 2001 wiisde de Dútske paleöntolooch Helmut Hemmer der lykwols op dat ferskate poema-eftige fossilen út Jeraazje allegearre ta ien-en-deselde soarte hearden, te witten: de loaihoarspoema.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne fossilen fan 'e loaihoarspoema opgroeven op lokaasjes ferspraat oer Jeraazje, û.o. yn 'e lannen Frankryk, Dútslân, Itaalje, Spanje, Ingelân, Georgje, Ruslân en Sina. De bekendste fynplakken binne Saint-Vallier yn it Frânske departemint Drôme, Untermassfeld by Meiningen yn 'e Dútske dielsteat Tueringen, Montopoli in Val d'Arno yn 'e Italjaanske regio Toskane en Kvabebi yn eastlik Georgje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e loaihoarspoema komt fan it feit dat dit bist likernôch sa grut wie as in loaihoars (Panthera pardus) en ek ferskate morfologyske oerienkomsten mei dat bist hat. De ûnfolsleinens fan 'e fossilen behindere in juste klassifikaasje oant yn Georgje tosken fan 'e loaihoarspoema fûn waarden, dy't dúdlik sjen lieten dat it om in soarte poema gie ynstee fan om in neie sibbe fan it loaihoars. De jongste fossilen fan 'e loaihoarspoema datearje fan omtrint 850.000 jier lyn. Saakkundigen ornearje dat it útstjerren fan 'e loaihoarspoema mooglik ferbân hâlde kin mei de Mid-Pleistosene Oergong, in feroaring yn it gedrach fan 'e sykly fan glasialen en ynterglasialen dy't 550.000 jier duorre en gâns klimatologyske opskuor feroarsake.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
