Puffen (kateftigen)

Puffen (Ingelsk: chuffing of prusten) is in foarm fan dierlike kommunikaasje dy't foarkomt by beskate leden fan 'e famylje fan 'e kateftigen (Felidae). Dêrby giet it om 'e tiger (Panthera tigris), de jagûar (Panthera onca), it snieloaihoars (Panthera uncia) en de beide soarten dizepanters, de (gewoane) dizepanter (Neofelis nebulosa) en de Sûndadizepanter (Neofelis diardi).
It is in fokalisearring (dus mei gebrûk fan 'e stimbannen) wêrby't in yndividu mei de bek ticht mei krêft lucht útblaasd troch de noas. It is in koart, net-bedriigjend lûd fan lege yntinsiteit, dat ornaris mank giet mei in knikkende beweging mei de kop. It wurdt gauris brûkt as foarm fan begroeting tusken twa bisten dy't inoar kenne, mar ek by hofmakkerij tusken in mantsje en in wyfke of troch in mem dy't har welpen gerêststelle wol. Guon yn dieretunen holden dizepanters puffe ek as se in bekend persoan sjogge, lykas harren oppasser.
It lûd fan puffen wurdt produsearre troch trillings yn 'e grouwe stimbannen yn 'e strôtbal fan 'e kateftige. Fonetysk bestiet der fariaasje by it puffen fan ferskillende soarten, mar de elemintêre strukturele patroanen binne gelyk. It puffen fan 'e beide dizepantersoarten liket sterk opinoar, en datselde kin sein wurde foar it puffen fan 'e tiger en de jagûar. Puffen is wol ferlike mei it spinnen fan lytse katten yn 'e sin dat beide opfet wurde kinne as in teken fan noflikens en tefredenens.
Behalven by kateftigen komt puffen ek foar by de iisbear (Ursus maritimus), yn rûchwei deselde omstannichheden. Iisbearen puffe lykwols net troch de noas, mar troch de foar in diel iepene bek.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |