Publykspriis foar it Nederlânske Boek

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Publykspriis foar it Nederlânske boek, ek wol Boek fan it jier neamd, is in literatuerpriis dy't yn 1987 ynsteld waard troch de Stichting CPNB en sûnt alle jierren útrikt wurdt. Oant en mei 1991 wie it in oeuvrepriis. Dêrnei wurde boeken apart bekroand.

Oars as by in protte oare literatuerprizen, wurdt der foar dizze gjin spesjale sjuery ynsteld. Eltse lêzer kin in stim útbringe en hoewol't der troch boekferkeapers en bibliotekarissen in list fan seis boeken nominearre wurdt, hoege de kiezers harren net ta dy kar te beheinen. Dêrneist wurdt der jierliks ek in Kearnsjuery fan 275 leden gearstald. It totaal fan de publyksstimmen en de stimmen fan de Kearnsjuery stelt úteinlik it winnende boek fêst. Net allinne oarspronklik Nederlânsk wurk komt yn de beneaming, mar ek bûtenlânske skriuwers fan wa't fertalingen yn it Nederlânsk ferskynd binne, kinne te priis krije.

Fan 1992 oant 2000 hiet de priis de Trouw Publykspriis. Sûn 2001 binne de Nederlânske Spoarwegen sponsor fan de priis en is de namme NS Publykspriis. De priis bestiet út in bedrach fan 7500 euro, in skulptuer fan Jeroen Henneman en in jier lang frij reizgjen mei de trein.

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]