Springe nei ynhâld

Rapafruchtdo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ptilinopus huttoni)
Rapafruchtdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels (Columbidae)
skaaifruchtdowen (Ptilinopus)
soarte
Ptilinopus huttoni
Finsch, 1874
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De Rapafruchtdo of Rapajufferdo (wittenskiplike namme: Ptilinopus huttoni) is in fûgel út it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes), de famylje fan 'e dofûgels (Columbidae) en it skaai fan 'e fruchtdowen of jufferdowen (Ptilinopus). Dit bist is endemysk op it eilân Rapa Iti yn Frânsk-Polyneezje. De Rapafruchtdo, dy't frij grut is foar syn skaai, bestiet op in herbivoar dieet en libbet yn it tropysk reinwâld. De soarte hat te lijen ûnder habitatferlies troch ûntbosking en de yntroduksje fan ynvasive eksoaten. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as krityk bedrige.

De Rapafruchtdo waard foar it earst yn 1874 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske ornitolooch Otto Finsch. De wittenskiplike namme Ptilinopus huttoni is in earbetoan oan 'e ûntdekker fan 'e fûgel, de Britsk-Nijseelânske biolooch Frederick Wollaston Hutton (18361905).

Yn syn fersprieding is de Rapafruchtdo beheind ta it eilân Rapa Iti, yn 'e Australeilannen fan súdwestlik Frânsk-Polyneezje. It hiele areaal beslacht in oerflak fan nei skatting 30 km² (oftewol 78% fan it eilân).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rapafruchtdo hat in totale lichemslingte fan likernôch 31 sm, mei in gewicht fan sa'n 130 g. Dêrmei is er frij grut en swier foar in lid fan it skaai fan 'e fruchtdowen (Ptilinopus), mar falt er yn 'e middenmoat foar in lid fan 'e famylje fan 'e dofûgels (Columbidae). It is in kleurrike fûgel, mei in fearrekleed dat fierhinne ljochtgrien is, fral op 'e wjukken. De foarste lichemsdielen (it meastepart fan 'e kop, de hals, it boarst, de nekke en de bopperêch) hawwe in blau-grize kleur. De bealch is giel, mei in rôzich pearse bân dêrboppe, dy't it giel skiedt fan it blau-griis op it boarst. In opfallend skaaimerk dat de Rapafruchtdo fan besibbe soarten ûnderskiedt, is de felrôze toppe boppe de snaffel en tusken de eagen yn, as in soarte fan mûtske dat swierich op 'e foarholle set is.

Rapafruchtdowen libje yn it tropysk reinwâld op Rapa Iti. De fûgels jouwe de foarkar oan oerwâld dêr't de minske net ta sitten hat op in hichte fan 40–450 m boppe seenivo (it heechste punt op it eilân leit op 650 m). Soms kinne de fûgels ek waarnommen wurde yn plantaazjes fan Karibyske dinnen (Pinus caribaea).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rapafruchtdo fret benammen it fleis fan 'e fruchten fan ferskate soarten beammen op Rapa Iti. Dat dieet wurdt oanfolle mei de nektar út beskate blommen. Rapafruchtdowen ite wylst se yn 'e beam sitte. Om't se swierder binne as de measte oare fruchtdowen kinne tinnere tûken har gewicht net drage en moatte se akrobatyske toeren úthelje om by de fruchten te kommen.

Der binne op it eilân in grut tal lânseigen planten dy't beien produsearje dêr't de Rapafruchtdo fan bestean kin. Hoewol't de ierdbeigûave (Psidium cattleyanum) in ynvasive eksoat is dy't ekologen noed jout oangeande syn konkurrinsje om 'e beheinde romte op it eilân mei lânseigen planten, is it skoan mooglik dat de Rapafruchtdo by de yntroduksje fan dizze eksoat wol fart, mei't de grutte gûavefruchten in bykommende itensboarne foarmje.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rapafruchtdo hat op Rapa Iti gjin natuerlike fijannen útsein de minske.

De Rapafruchtdo hat sûnt 2018 de IUCN-status fan "krityk bedrige". De fûgel waard histoarysk troch de Rapanen bejage foar syn fleis, en oerbejaging is foar in grut diel debet oan 'e efterútgong fan 'e soarte. Tsjintwurdich wurdt der al lang net mear op 'e Rapafruchtdo jage, mar hat de fûgel ynstee te lijen ûnder habitatferlies troch ûntbosking fan syn biotoop om romte meitsjen foar minsklike aktiviteiten, lykas bou en beweiding troch kij en geiten.

De kwaliteit fan it oerbleaune habitat is belune troch de yntroduksje fan 'e ierdbeigûave (Psidium cattleyanum) út Súd-Amearika. Dy groeit yn tichte bosken dy't lânseigen plantesoarten it ljocht benimme dêr't se ferlet fan hawwe om yn libben bliuwe te kinnen. Soks hat jammerdearlike gefolgen foar it hiele ekosysteem fan it eilân. De Rapafruchtdo, dy't nei alle gedachten de fruchten fan 'e ierdbeigûave wol ite kin, hat dêr net direkt lêst fan. Oars is it mei oare ynvasive eksoaten, lykas de ferwyldere kat (Felis catus), dy't Rapafruchtdowen fret en in faktor yn 'e tebekgong west hat.

De populaasje Rapafruchtdowen op Rapa Iti, dy't mei-iens ek de hiele wrâldpopulaasje fan dizze soarte is, bestie by in telling yn 2017 út nei skatting 160 eksimplaren. By in eardere telling dy't yn 19891990 útfierd waard, wiene der noch 274 fan 'e fûgels, wat betsjut dat de Rapafruchtdo yn 27 jier mei 42% efterútbuorke wie. Hoewol't der gjin natoerbeskermingsprojekten binne dy't spesifyk op 'e Rapafruchtdo rjochte binne, waard yn 2017 úteinset mei in projekt om 'e wâlden op it eilân wer oan te plantsjen en te ûntdwaan fan eksoaten. Ek soe tenei de beweiding troch fee beheind bliuwe ta in lytser diel fan it eilân troch it feebeslach yn te krimpen.

De Rapafruchtdo is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten besteane.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.