Skarlekkenboarstfruchtdo
| Skarlekkenboarstfruchtdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ptilinopus bernsteinii | ||||||||||||
| Schlegel, 1863 | ||||||||||||
De skarlekkenboarstfruchtdo of skarlekkenboarstjufferdo (Ptilinopus bernsteinii) is in fûgelsoarte yn 'e famylje Columbidae. Yn 1863 ferneamde Hermann Schlegel de nije soarte nei ien fan syn samlers, Heinrich Agathon Bernstein.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skarlekkenboarstfruchtdo is in middelgrutte fûgel, dy't oant 29 sintimeter lang wurdt. De fûgel hat in grize kop mei in griene waas. De rest fan 'e boppedielen en it boarst binne heldergrien fan kleur. It mantsje hat midden op it legere boarst in helder skarlekkenread plak en fierder binne der gjin grutte ferskillen mei wyfkes, útsein dat de kleuren by wyfkes minder sprekkend binne. De búk is oranjegiel en de fûgel hat in lange grien mei grize sturt. De snaffel is grien en de poatsjes binne blaugriis.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk yn Yndoneezje, dêr't er yn 'e noardlike Molukken libbet. Syn natuerlike habitat binne subtropyske of tropyske fochtige leechlânbosken.
Der binne twa ûndersoarten:
- Ptilinopus bernsteinii bernsteinii - komt foar yn 'e noardlike Molukken (Halmahera, Ternate en Bacan).
- Ptilinopus bernsteinii micrus – komt foar op Obi (noard-sintraal Molukken).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skarlekkenboarstfruchtdo libbet fan fruchten. It is in stille fûgel dy't allinne of yn pearkes yn 'e heechste beamlagen foerazjearret.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1988 wurdt de skarlekkenboarstfruchtdo troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as net bedrige. It ferspriedingsgebiet is net grut, mar grutter as 20.000 km². Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
