Sitroenparkyt
| Sitroenparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Psilopsiagon aurifrons | ||||||||||||
| Lesson, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sitroenparkyt of berchparkyt (Psilopsiagon aurifrons) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai sitroenparkiten (Psilopsiagon) út 'e famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).
Skaaiparkiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bealchje fan 'e 18 sm lange fûgel is meast grien. De foarholle, wangen, kiel, hals en boppekant fan it boarst binne goudgiel. Op 'e skouders sitte giele fearkes en de wjukrânen binne blau. De ûnderkant fan 'e sturt is blaugriis. De snaffel is fleiskleurich, lykas ek de poatsjes. De iris is brún mei dêrom hinne in ljochte eachring. Tusken mantsjes en wyfkes is net in soad ferskil, mar wyfkes binne hast net giel op 'e foarholle en om 'e snaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sitroenparkiet is ferdield yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- P. a. robertsi - Noard- en Sintraal-Perû (Marañóndelling).
- P. a. aurifrons – yn kustgebieten en op 'e tichteby lizzende westlike hellingen fan 'e Andes yn Sintraal-Perû.
- P. a. margaritae – yn 'e Andes fan súdlik Perû oant Bolivia, noardlik Sily en noardwestlik Argentynje.
- P. a. rubrirostris - yn 'e Andes fan noardwestlik Argentynje (Catamarca oant Córdoba) en tichtby Sily.
De sitroenparkiet komt foar in part foar yn 'e bercheftige regio's fan 'e Andes, foar in part lokaal ek yn 'e leechlannen oan 'e kust fan Perû. Hy wurdt fûn yn rotsige dellingen mei tichte strûken mei tichteby lizzende wiete gebieten en yn lânbougebieten. De fûgel wurdt faak net fier fan kliffen of sânbanken waarnommen, dêr't er yn koloanjes yn gatten it nêst hat. Hy siket iten yn strûken en op 'e grûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
