Springe nei ynhâld

Reinbôgeparkyt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Psephotellus varius)
Reinbôgeparkyt

Mantsje

Pop
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiparadysparkiten (Psephotellus)
soarte
Psephotellus varius
Clark, 1910
IUCN-status: net bedrige

De reinbôgeparkyt (Psephotellus varius) is in fûgelsoarte út de famylje Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae). De soarte komt lykas de oare soarten fan it skaai allinnich yn Austraalje foar.

Pearke reinbôgeparkiten.

De 27 oant 28 sm lange reinbôgeparkyt weaget 53 oant 79 gram. By it mantjse is it hiele boarst en de boppebúk ljochtgrien. De kop is boppe de snaffel giel en fierders blaugrien mei in lyts read plakje op 'e kroan. De ûnderbúk is read. Op 'e griene wjukken sit in giel skouderplak en de rannen fan 'e wjukken binne blau. De donkergriene stút hat twa horizontale bannen: de boppeste is ljochtgrien en de ûnderste is donkerread. De sturt is blau en de ûndersturtdekfearren binne giel.

It wyfke is hast hielendal brúngrien. De kop, de hals en it boarst binne dizich brún skobbe, de búk en de ûndersturtdekfearren binne mear bleekgrien. Efter op 'e kop sit in donkerbrún plak en se hat in read skouderplak.

Reinbôgeparkiten komme yn in grut part fan Austraalje foar dêr't de Acacia aneura groeit. Se wurde yn it súdwesten fan Queensland, it westen fan Nij-Súd-Wales, it noardwesten fan Fiktoaria, Súd-Austraalje en West-Austraalje oantroffen.

Eartiids wie de fûgel yn trije ûndersoarten ferdield (Psephotellus varius varius, Psephotellus varius ehtelae, Psephotellus varius exsul) mar hjoed-de-dei wurdt de fûgel as monotypysk behannele.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út drûge en healdrûge iepen bosken.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reinbôgeparkiten briede yn holtes fan beammen, faak yn'e buert fan wetter. It briedseizoen is fan july oant desimber. In lechsel bestiet út fjouwer oant sân aaikes en wurdt troch de pop útbret. Nei 19 dagen komme de aaikes út en salang fuorret it mantsje it wyfke. Nei likernôch 30 dagen kinne de jonge fûgels fleane. Jonge fûgels bliuwe faak by de âlden oant it folgjende lechsel. Se foerazjeare op 'e grûn en ite meast sied, mar ek krûden, beien, fruit en ynsekten.

De reinbôgeparkyt hat in grut ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is dêrom lyts. Alhoewol't der gjin rûzing is fan 'e oantallen, wurdt oannommen dat dy tebek rinne. Lokaal wurdt it habitat fan 'e fûgel oantaast. De delgong giet lykwols net hiel rap en dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: