Springe nei ynhâld

Paradysparkyt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Psephotellus pulcherrimus)
Hoodedparkyt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiparadysparkiten (Psephotellus)
soarte
Psepholettus pulcherrimus
Gould, 1845
IUCN-status: † útstoarn
ferspriedingsgebiet

It eardere ferspriedingsgebiet fan 'e paradysparkyt.

De paradysparkyt (Psephotellus pulcherrimus) is in útstoarne fûgel yn 'e famylje Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Pearke by it nêst (ôfbyld 1922).

It fearrekleed wie bûtengewoan kleurryk, sels foar in pappegaaiesoarte, mei in mingeling fan turkwaze, akwa, skarlaken, swart en brún. De sturt wie hast like lang as it bealchje, ûngewoan foar in fûgel dy't, hoewol in rappe fleaner, hast al syn tiid op 'e grûn trochbrocht.

De soarte libbe yn eastlik Austraalje yn it súdeasten fan Queensland en mooglik ek yn Nij-Súd-Wales. De fûgel libbe yn savanne's mei boskjes en strûken.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte waard yn pearkes of lytse famyljegroepen waarnommen, dy't har nêsten bouden yn útholle termiteheuvels, faak op of tichteby de grûn. Foar safier bekend iet de fûgel allinnich it sied fan gers. Ien pearke soe likernôch twa hektare besette. Sa út en troch brûkte de soarte ek eardere nêsten yn termiteheuvels fan 'e wâldiisfûgel of de blauwjukkûkaburra. Ek binne nêsten by de basis fan in beam fûn.

Yn 'e 19e iuw wie de fûgel lokaal algemien, mar nei 1880 naam de fûgel rap ôf. De redenen foar de hommelse delgong fan 'e paradysparkyt bliuwe spekulatyf. Mooglikheden binne it oerbeweidzjen, it oanmeitsjen fan lân, jacht troch fûgelsamlers en predaasje troch yntrodusearre sûchdieren lykas katten en hûnen. Ek it ferbaarnen fan lân troch feehâlders om de groei fan feefoer oan te moedigjen ha effekt hân op de beskikberens fan gerssied.

Eksimplaar yn it Australysk Museum.

De fûgel waard tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw seldsum. In swiere drûchte yn 'e regio yn 1902 kin in faktor west hawwe yn syn ûndergong. Tsjin 1915 waard tocht dat de soarte mooglik útstoarn wie. In searje sykaksjes nei de paradysparkyt levere yn it folgjende desennium noch in pear yndividuen op. Yn 1918 waard de fûgel werûntdutsen, mar de lêste befêstige waarnimming wie op 14 septimber 1927. Dêrnei binne der ûnwisse waarnimmings út 'e jierren 1930 en 1940 en sels noch yn 1990. Yn 1988 waard de fûgel as bedrige klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN, mar sûnt 1994 wurdt er as útstoarn beskôge.

It is net slagge om de fûgel troch de fok yn finzenskip te behâlden. De soarte is yn 'e 19e iuw wol yn Europa ynfierd, mar de measte fûgels gyngen yn finzenskip al gau dea troch steuringen yn 'e mage en terms. Se wiene tige gefoelich foar feroaringen yn it iten, lykas de oergong op oar sied.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: