Springe nei ynhâld

Provinsjes fan Denemark

Ut Wikipedy

Denemarken wie oant en mei 31 desimber 2006 ferdield yn trettjin provinsjes (amter) en 271 gemeentes (kommuner), sjoch Deenske gemeenten per provinsje. De yndieling yn trettjin (earder 14) provinsjes wie by de bestjoerlike weryndieling fan 1 april 1970 ûntstien. By dy weryndieling waard it tal gemeentes werombrocht fan 1386 nei 275 en it tal provinsjes fan 25 nei 14. De yndieling fan Denemark yn amter wie fan 1793.

Deenske provinsjes nûmere
  1. Kopenhagen (gemeente)
  2. Frederiksberg (gemeente)
  3. Kopenhagen
  4. Frederiksborg
  5. Roskilde
  6. Vestsjælland
  7. Storstrøm
  8. Funen
  9. Súd-Jutlân
  10. Ribe
  11. Vejle
  12. Ringkjøbing
  13. Viborg
  14. Noard-Jutlân
  15. Århus
  16. Bornholm (regionale gemeente)

De provinsje Kopenhagen besloech de gemeenten yn de stêdekloft Kopenhagen, útsein de gemeenten Kopenhagen en Frederiksberg. Bornholm is in regionale gemeente, dy't de fiif eardere gemeenten fan it eilân Bornholm yn him ferienige.

Grienlân en de Faeröer hearre ek by Denemark, mar hawwe in autonome status en hawwe twa sitten yn it Deenske parlemint.

Fan 1 jannewaris 2007 ôf is Denemark yndield yn fiif regio's dy't yn it plak fan de trettjin provinsjes kaam binne. Tagelyk is it oantal Deenske gemeentes werombrocht fan 271 nei 98.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]