Springe nei ynhâld

Proud Mary

Ut Wikipedy
Proud Mary
algemiene ynformaasje
B-kant Born on the Bayou
artyst Creedence Clearwater Revival
album Bayou Country
taal Ingelsk
sjenre Somperock
útbrocht jannewaris 1969
opnommen RCA,
1968
doer 3:07
label Fantasy
skriuwer John Fogerty
produsint John Fogerty
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 11,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 7
sertifisearre Grut-Brittanje sulver,
Feriene Steaten 2x platinum
tal covers 7

Proud Mary is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Creedence Clearwater Revival (CCR) yn 1968 en útbrocht op it album Bayou Country fan út 1969. Proud Mary wie it sechsde nûmer op it album en waard yn jannewaris 1969 útbrocht as iennichste single fan it album.

Proud Mary giet it oer in raderboat dy't, earne yn it djippe suden fan Amearika, de rivier ôffart. Proud Mary is de namme fan de stoommasine op de raderboat Queen. Stoommasines krigen faak nammen en dêrom ek de tekst "Proud Mary keep on burning".

Ike & Tina Turner cover

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Proud Mary
algemiene ynformaasje
B-kant Honky Tonk Women
artyst Ike & Tina Turner
album Workin' Together
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht jannewaris 1971
opnommen Bolic Sound,
1970
doer 5:00 album,
3:15 single
label Liberty
skriuwer John Fogerty
produsint Ike Turner
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 5,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 16
sertifisearre Grut-Brittanje goud,
Feriene Steaten goud

Yn 1970 brochten de Ike & Tina Turner it album Workin' Together út it njoggende nûmer op it album is Proud Mary. It waard yn jannewaris 1971 útbrocht as single, De B-kânt fan de single wie foar it nûmer Honky Tonk Women.

De Ike & Tina Turner ferzje is twa minuten langer as it orizjineel fan CCR. It nûmer begjint mei in stadige, soele toan dêr't Tina Turner it nûmer yn yntrodusearret en it publyk warskôget dat sy en de band "nice and easy" begjinne mar "we never do something nice and easy" we meitsje it "nice and rough" ôf. Nei't de teksten earst sêft songen binne troch de Turners, wurdt it nûmer dêrnei feroare yn in stevich rock nûmer.