Protestantske tsjerke fan Herveld
| PKN-tsjerke fan Herveld | ||
| Lokaasje | ||
| Provinsje | ||
| plak | Herveld | |
| adres | Schoolstraat | |
| koördinaten | 51°53'N 5°44' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | PKN | |
| patroanhillige | Willibrord | |
| Arsjitektuer | ||
| boustyl | gotyk | |
| monumintnûmer | 36750 (tsjerke) 36751 (toer) | |
| Webside | ||
| www.protestantsegemeenteherveld | ||
| Kaart | ||
De protestantske tsjerke fan Herveld is in midsiuwsk tsjerkegebou yn it Gelderske doarp Herveld. De tsjerke wurdt brûkt troch de PKN-gemeente Herveld en Slijk-Ewijk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1200 foar it earst neamd, doe't foar it kapittel fan 'e Utertske dom in tsiendelist opsteld waard. De tsjerke stiet ek op in tsjerkelist fan 1395 fan 'e Utertske dom.

Yn 1795 baarnde de tsjerke út. In oare grutte brân ûntstie yn septimber 1947 by leadjitterswurk. Dêrby gyngen de spits en it oargel ferlern. De restauraasje fan 'e tsjerke en toer folgen tusken 1949 en 1958.
Oan it begjin fan 'e 21e iuw fûn der in nije restauraasje plak, dy't yn 2009 ôfsletten waard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste dielen fan 'e tsjerke foarmje dielen fan 'e triomfbôge, dy't fan dowestien binne en út de 12e iuw stamme. Nei alle gedachten binne it resten fan it koer fan 'e oarspronklike tsjerke. Yn 'e 13e/14e iuw waard de tsjerke mei dwersskippen in krústsjerke. It hjoeddeiske koer waard dêr yn 'e 14e/15e iuw tsjinoan boud. De pseudobasilikale tsjerke waard yn 'e 15e iuw oanpast troch de ferheging fan 'e sydskippen, sadat in halletsjerke ûntstie. De lêste tafoeging wie de toer, dy't oan 'e ein fan 'e 15e of begjin 16e iuw tsjin de tsjerke oanboud waard.
Toer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basis fan 'e trijelidde toer bestiet foar in part út dowestien, wylst it twadde diele wikseljend út trije lagen bakstien en twa lagen dowestien en it boppeste diel allinnich út bakstien bestiet. De achtside spits hat in tek fan laaistien. Tsjin de toer is in treptuorke boud.
Fan 'e twa 17e-iuwske klokken is ien klok yn 'e Twadde Wrâldkriich troch de Dútske besetter foardere. De oare klok waard yn 1643 getten troch Johan Philipsen. By de brân fan 1947 stoarte de klok nei ûnder, mar de skea wie lyts.
Skip en koer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bakstiennen skip telt trije traveeën, wêrfan't it efterste oarspronklik it dwersskip wie. It skip hat in stiennen ferwulft en it koer in krúsribferwulft.
Yn 'e tsjerke stiet in 17e-iuwske preekstoel en in 18e-iuwske hearebank foar de leden fan it Hûs Loenen.
It oargel waard yn 1977 boud troch de firma Blank. Fan 'e oarspronklike beskildering fan 'e tsjerke binne yn 1927 in pear fragminten ûntdutsen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
