Produsint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Producer)

"Produsint" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

fan it Latynske produco, "ik bring nei foarren" of "ik bring foarút", fan pro ("nei foarren", "foarút") en duco ("ik lied")

  • filmprodusint, ien dy't it tafersjoch hat oer it meitsjen fan films
    • útfierend produsint of executive producer, ien dy't him benammen mei de finansiering dwaande hâldt en net (nau) belutsen is by de dêrmei mooglik makke filmprojekten
    • lineprodusint of line producer, ien dy't op it budget past yn it ramt fan 'e deistige bedriuwsfiering by it meitsjen fan films
  • ko-produsint, ien dy't in film- of tillefyzjeprodusint assistearret mar dochs in liedingjaande posysje beklaait
  • muzykprodusint, ien dy't in liedingjaande funksje beklaait by in platemaatskippij en/of dy't it tafersjoch hat op it meitsjen fan albums en singles
  • radioprodusint, ien dy't it tafersjoch hat by it meitsjen fan in radioprogramma
  • teäterprodusint, ien dy't it tafersjoch hat by it meitsjen fan in teäterfoarstelling
  • telefyzjeprodusint, ien dy't it tafersjoch hat by it meitsjen fan in telefyzjeprogramma
  • webprodusint, ien dy't it tafersjoch hat oer ien of mear websiden


Dit is in betsjuttingsside, bedoeld om ûnderskied te meitsjen tusken ferskillende siden mei de namme Produsint.

Op dizze side stean koarte beskriuwings fan de ferskate siden, mei keppelings dêrhinne. At jo hjir belâne binne fia in side op de Wikipedy, dan kinne jo dêr de ferwizing nei dizze side oanpasse, dat takomstige lêzers fuort op de goede side telâne komme.