Bahamaanske waskbear
| Bahamaanske waskbear | ||||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
| ûndersoarte | ||||||||||||||
| Procyon lotor maynardi | ||||||||||||||
| Bangs, 1898 | ||||||||||||||
| IUCN-status: net beoardiele
| ||||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Bahamaanske waskbear (wittenskiplike namme: Procyon lotor maynardi; foarh. Procyon maynardi) is in ûndersoarte fan 'e waskbear (Procyon lotor), dy't endemysk is op it eilân New Providence yn 'e Bahama's. Foarhinne waard dit bist as in selsstannige soarte beskôge. Der besteane oanwizings dat de Bahamaanske waskbear eins in troch de minske yntrodusearre eksoat is. De oerheid fan 'e Bahama's hat yn omtinken nommen en rûgje it bist út ta beskerming fan it kwetsbere ekosysteem fan New Providence.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bahamaanske waskbear waard yn 1898 foar it earste wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Outram Bangs. De wittenskiplike namme Procyon lotor maynardi is in earbetoan oan Charles Johnson Maynard (1845–1929), in oare Amerikaanske natoerûndersiker.
Yn it ferline waard tocht dat de Bahamaanske waskbear in selsstannige soarte wie en stie it bist dêrom bekend as Procyon maynardi. Mar nij ûndersyk nei de morfology en genetika fan 'e ûnderskate soarten út it skaai fan 'e waskbearen (Procyon), dat yn 1999, 2003 en 2005 ferrjochte waard, hat derfoar soarge dat dit bist yn rang weromset is ta in ûndersoarte fan 'e gewoane waskbear (Procyon lotor). Itselde lot trof tagelyk trije oare eardere soarten: de de Gûadelûpwaskbear (P. l. minor) en de útstoarne Barbadoswaskbear (P. l. gloveralleni) út it Karibysk Gebiet en de Tres-Maríaswaskbear (P. l. insularis) fan 'e Pasifyske eilannen fan Meksiko. Fan alle eilânwaskbearen wurdt no inkeld noch de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus) as in selsstannige soarte erkend.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gongberste teory oangeande it isolearre foarkommen fan 'e Bahamaanske waskbear op New Providence, en net op 'e oare eilannen fan 'e Bahama's, is tsjintwurdich dat waskbearen pas inkele iuwen lyn troch de minske op it eilân yntrodusearre binne. Dat soe ek útlizze hoe't it kin dat de Bahamaanske waskbear nau besibbe liket te wêzen oan 'e Gûadelûpwaskbear (Procyon lotor minor) fan Gûadelûp, in eilân dat krapoan 1.900 km nei it eastsúdeasten leit.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e Bahamaanske waskbear is beheind ta inkeld it eilân New Providence, yn it noarden fan 'e Bahama's.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bahamaanske waskbear is lyts yn ferhâlding ta de trochsneed grutte fan 'e waskbear (Procyon lotor, kop-romplingte: 40–70 sm; sturtlingte: 20–40 sm; gewicht: 5–12 kg). Dêrmei is dit bist in foarbyld fan eilândwerchgroei. De delikate plasse en it gebit lykje sterk op 'e plasse en it gebit fan 'e Gûadelûpwaskbear (Procyon lotor minor) en fan 'e lytse ûndersoarten dy't foarkomme op 'e Florida Keys. De pels fan 'e Bahamaanske waskbear is griis, mei yn 'e nekke en op 'e skouders in lichte okertint dêroerhinne. It swarte 'masker' oer de eagen hinne wurdt by dit bist tusken de eagen yn ûnderbrutsen troch in fertikale wite streek.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bahamaanske waskbear hat gjin IUCN-status, mei't de ûndersoarte (noch) net troch de IUCN beoardiele is. Al te florisant kin it der lykwols net mei him foarstean, mei't er mar foarkomt ien lyts eilân, dat boppedat it tichtstbefolke diel fan 'e Bahama's is, mei't de haadstêd (en grutste stêd) Nassau op New Providence leit.
Kristofer M. Helgen en Don E. Wilson, de auteurs fan it wurk Taxonomic Status and Conservation Relevance of the Raccoons (Procyon spp.) of the West Indies, út 2003, skriuwe dat de Bahamaanske waskbear in ynvasive eksoat is dy't in bedriging foarmet foar it kwetsbere ekosysteem fan New Providence. It Bahamaanske Ministearje fan Sûnens en Miljeu hat de Bahamaanske waskbear tafoege oan in list fan út te rûgjen eksoaten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

