Barbadoswaskbear
| Barbadoswaskbear | ||||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
| ûndersoarte | ||||||||||||||
| Procyon lotor gloveralleni | ||||||||||||||
| Nelson & Goldman, 1930 | ||||||||||||||
| IUCN-status: útstoarn (1964)
| ||||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Barbadoswaskbear (wittenskiplike namme: Procyon lotor gloveralleni) is in útstoarne ûndersoarte fan 'e waskbear (Procyon lotor), dy't endemysk wie op it eilân Barbados yn 'e Lytse Antillen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Barbadoswaskbear waard yn 1930 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölogen Edward William Nelson en Edward Alphonso Goldman. Dyselden joegen it bist de wittenskiplike namme Procyon gloveralleni, in earbetoan oan in oare Amerikaanske soölooch, Glover Morrill Allen (1879–1942). Se beskôgen de Barbadoswaskbear as in selsstannige soarte, en dat waard doe frij algemien akseptearre. Mar tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw begûnen oare soölogen dy oanname yn 'e kiif te stellen.
Ut Taxonomic Status and Conservation Relevance of the Raccoons (Procyon spp.) of the West Indies, in morfologyske en genetyske analyze fan 'e ûnderskate waskbearesoarten út it Karibysk Gebiet, wêrfan't de resultaten yn 2003 publisearre waarden troch de soölogen Kristofer M. Helgen en Don E. Wilson, die bliken dat de twifels oer de soartlike status fan 'e Barbadoswaskbear rjochtfeardige wiene. De auteurs sloegen foar om 'e Barbadoswaskbear yn status te ferleegjen ta in ûndersoarte fan 'e gewoane waskbear (Procyon lotor), in útstel dat al rillegau rûnom akseptearre waard.
Tagelyk mei de Barbadoswaskbear trof itselde lot de Bahamaanske waskbear (P. l. maynardi) fan it eilân New Provicence yn 'e Bahama's, de Gûadelûpwaskbear (P. l. minor) fan it Frânske oerseeske gebietsdiel Gûadelûp, en de Tres-Maríaswaskbear (P. l. insularis) fan 'e Tres Marías, in eilannegroep foar de Pasifyske kust fan Meksiko. Fan alle eilânwaskbearen wurdt no inkeld noch de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus) as in selsstannige soarte erkend.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Helgen en Wilson soe de Barbadoswaskbear net lânseigen west hawwe op Barbados, mar wie it bist der nei alle gedachten inkele iuwen lyn troch minsken yntrodusearre.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Barbadoswaskbear wie endemysk op Barbados, it eastlikste eilân fan 'e Lytse Antillen, dat no in ûnôfhinklike republyk is.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn ferhâlding ta in gewoane waskbear (Procyon lotor, kop-romplingte: 40–70 sm; sturtlingte: 20–40 sm; gewicht: 5–12 kg) fan trochsneed grutte wie de Barbadoswaskbear útsprutsen lyts, wêrmei't it in foarbyld wie fan it evolúsjonêre ferskynsel eilândwerchgroei. Hy liek sterk op 'e Gûadelûpwaskbear (P. l. minor), bygelyks wat de koarte en delikate plasse oangie, of de dûnkergrize pels mei in lichte okertint op 'e nekke en de skouders. It masker rûn yn ien stik oer it gesicht hinne, sûnder ûnderbrekking tusken de eagen yn, sa't it gefal is by de Bahamaanske waskbear (P. l. maynardi).
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Barbadoswaskbear waard foar it lêst yn 1964 waarnommen, doe't in eksimplaar deariden waard op in wei yn 'e neite fan Bathsheba. Dêrom waard dit bist yn 1996 formeel as útstoarn klassifisearre troch de op dat mêd gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN). It iennichste opsette eksimplaar fan 'e Barbadoswaskbear makket diel út fan 'e kolleksje fan it Barbados Museum yn Bridgetown.
It lytse ferspriedingsgebiet fan 'e Barbadoswaskbear yn acht nommen, wie de populaasje fan dit bist nei alle gedachten nea net oergrut. Syn bolwurk liket it suden fan it eilân west te hawwen. It útstjerren is foar 't neist te witen oan 'e habitatferneatiging dy't it gefolch wie fan 'e grutte ûntwikkeling fan 'e toeristyske sektor dy't Barbados yn 'e 1960-er jierren trochmakke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

