Prins Hindrikbrêge (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 mrt 2019 om 19.48 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Ljouwert nije gemeenteflagge)
Prins Hindrikbrêge
bouwurk
De Prins Hindrikbrêge, sjoen fanôf de Willemskade noardside.
De Prins Hindrikbrêge, sjoen fanôf de Willemskade noardside.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
bysûnderheden
type bouwurk brêge
boujier 1869, fernijd 1969
oerbrêget Suderstedsgrêft
wei of spoar Prins Hindrikstrjitte / Sofialeane

De Prins Hindrikbrêge (Nederlânsk en offisjeel: Prins Hendrikbrug) is in tige brede brêge yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dit bouwurk is net, sa't faak tocht wurdt, ferneamd is nei prins Hendrik fan Meklenburch-Schwerin, de man fan keninginne Wilhelmina, mar nei prins Hendrik de Seefarder (1820-1879), de jongere broer fan kening Willem III.[1] De brêge oerspant yn noard-súdrjochting de Suderstedsgrêft en ferbynt dêrmei de Prins Hindrikstrjitte, oan 'e noardkant, mei de Sofialeane, oan 'e súdkant. Fuort benoarden en besuden de brêge kruse de Willemskade Noardkant en Súdkant, dy't by de grêft lâns rinne, de Prins Hindrikstrjitte, resp. de Sofialeane.

De Prins Hindrikbrêge, sjoen fanôf de Willemskade súdside. It liket suver wol in pleintsje, mar it is in tige brede brêge. Oan 'e rjochterrâne fan 'e foto de eastlike reling; yn 'e fierte tusken de lantearnepeal en it giele reklameboerd de mei blombakken behongen westlike reling.

De rûte Prins Hindrikstrjitte-Sofialeane rint fan 'e Ljouwerter binnenstêd, oan 'e noardlike ein fan 'e Prins Hindrikstrjitte, nei it treinstasjon, oan 'e súdlike ein fan 'e Sofialeane. Foarhinne wie it trajekt fanôf de Frouwepoartsbrêge fia in stikje fan 'e Westerplantaazje, de eastlike helte fan it Ruterskertier, de Prins Hindriksstrjitte en de Sofialeane ien fan 'e wichtichste autorûtes troch de Ljouwerter binnenstêd. Sadwaande kaam der lange tiid in protte ferkear oer de Prins Hindrikbrêge. Dêr kaam lykwols yn 2010 in ein oan, doe't de Gemeente Ljouwert it Ruterskertier ôfsleat foar motorisearre ferkear, mei útsûndering fan 'e bussen fan it iepenbier ferfier.

De oarspronklike Prins Hindrikbrêge waard yn 1869 oanlein. Doe't prins Hindrik de Seefarder dat jiers nei Ljouwert ta reizge om 'e bou yn eagenskou te nimmen, naam it stedsbestjoer dy gelegenheid te baat en freegje syn tastimming om 'e brêge nei him te ferneamen.[1] De hjoeddeiske Prins Hindrikbrêge datearret út 1969, doe't der in fêste brêge yn it plak kaam fan ien dy't iepen koe om skipferkear troch te litten. Yn 2016 en 2017 kaam út 'e Ljouwerter mienskip de rop om 'e brêge wer beweegber te meitsjen, om't dat in ympuls foar de stêd wêze soe.[2] De hege kosten dy't dêroan ferbûn wiene en de minne finansjele foarútsichten fan 'e Gemeente Ljouwert, dy't it jild foar in nije brêge ophoastje moatte soe, makken it lykwols ûnwierskynlik dat soks der yn 'e neie takomst fan komme sil.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Haije, Miriam, en Elting, Willem, Vooral straten in steden vernoemd naar Oranjes, yn: de Ljouwerter Krante, 24 april 2018, s. 21.
  2. Raad spreekt weer over Prins Hendrikbrug, op: Omrop Fryslân, 2 july 2017.
  3. Beweegbare brug Leeuwarden blijkt duurder dan gedacht, yn: de Ljouwerter Krante, 11 oktober 2017.