Springe nei ynhâld

Lytse ara's

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Primolius)
Lytse ara's
gielnekara's
gielnekara's
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
boppefamylje:pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea)
family:pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaailytse ara's (Primolius)
Bonaparte, 1857

Lytse ara's (wittenskiplike namme: Primolius) foarmje in skaai fan fûgels út de famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

It binne yn haadsaak griene fûgels mei blauwe, reade en giele kleuren. Se ha lange sturten, in grutte kromme snaffel en in keal plak om it each, itjinge typysk is foar alle ara's. Se binne minder as 50 sm lang, folle lytser as de ara's fan it skaai echte ara's. Ara's dy't lytser as 50 sm lang binne, lykas it skaai Primolius, wurde somtiden ek "mini-ara's" neamd.

It skaai bestiet út trije soarten:

Lytse ara's
ôfbyldwittenskiplike nammeFryske nammestatusfersprieding
Primolius auricollisgielnekaranet bedrigeBolivia, Brazylje, Paraguay
Primolius couloni blaukoparagefoelichBolivia, Brazylje, Perû
Primolius maracanablauwjukarahast bedrigeBolivia, Brazylje, Paraguay
(útroege yn Argentynje)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Primolius fan Wikimedia Commons.