Springe nei ynhâld

Prehistoaryske pealwenten yn de Alpen

Ut Wikipedy
Prehistoaryske pealwenten yn de Alpen
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
flagge fan Frankryk Frankryk
flagge fan Itaalje Itaalje
flagge fan Eastenryk Eastenryk
flagge fan Switserlân   Switserlân
flagge fan Sloveenje Sloveenje
UNESCO folchnûmer 1363
kritearia (iv)(v)
ynskriuwing 2011
gebiet 274.2 ha
buffersône 3.960.77 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De prehistoaryske pealwenten yn 'e Alpen binne in groep fan 111 archeologyske fynplakken yn it Alpegebiet. Op 27 juny 2011 binne dy plakken by de 35e sitting fan 'e Kommisje foar it Wrâlderfgoed troch UNESCO erkend as wrâlderfgoed en op 'e list tafoege. It binne de lokaasjes fan foarhistoaryske pealwenten yn en om de Alpen, dy't likernôch 5.000 oant 500 f.Kr. oan 'e iggen fan rivieren, marren en sompen boud waarden.

De fynplakken lizze yn Dútslân, Frankryk, Itaalje, Eastenryk, Sloveenje en Switserlân. De measte lokaasjes (56) lizze yn Switserlân yn bygelyks Beinwil am See, Seengen, Biel, Lüscherz, Twann, Vinelz en Gletterens.

Undersyk op guon lokaasjes joegen ynsjoch oer de libbensomstannichheden yn it Neolitikum (4.400 oant 3.500 f.Kr.), de Brûnstiid (2.200 oant 800 f.Kr.) en de iere Izertiid (sûnt 750 f.Kr.) yn 'e Alpen. De fynsten fertelle oer it deistich libben, de lânbou en de feehalderij fan 'e iere boeren. De âldste fynsten fan tsjillen en tekstyl yn Europa fan likernôch 3.000 f.Kr. hearre ta belangrike fynsten.

De earste archeologyske fynst datearret fan 1863 oan 'e Mar fan Zürich. It Pealwentemuseum yn it Dútske Unteruhldingen oan 'e Bodensee biedt in rekonstruksje fan sokke pealwenten.