Springe nei ynhâld

Prato

Ut Wikipedy
Prato
Keizerlike kastiel
Keizerlike kastiel
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Toskane
provinsjePrato
Sifers
Ynwennertal198.950 (31.07.2025)
Oerflak97,35 km²
Befolkingsticht.2.043,66 ynw./km²
Hichte61 m
Oar
Postkoade59100
Koördinaten43°52' N 11°05' E
Offisjele webside
www.comune.prato.it
Kaart
Prato (Itaalje)
Prato

De stêd Prato leit yn 'e Italjaanske regio Toskane en is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme.

Prato is in histoaryske stêd yn it hert fan Toskane, likernôch tweintich kilometer noardwestlik fan Florâns. It gebiet waard al bewenne yn 'e Etruskyske tiid, mar de stêd Prato krige syn foarm yn 'e 11e iuw mei de gearfoeging fan twa âldere delsettings: it troch de Langobarden stifte doarp Borgo al Cornio en de delsetting Castrum Patri, it gebiet om it kastiel oan 'e rivier de Bisenzio. De stêd groeide út ta in hannels- en ambachtsintrum en waard yn 'e 12e iuw in selsstannige commune mei sûnt 1193 in eigen munt en wetten.

Stefanusdom.

Yn 'e midsiuwen waard Prato in religieus sintrum troch de yn 'e Sint-Stefanusdom bewarre relikwy fan 'e Hillige Gurdle fan Marije. De katedraal waard fersierd mei keunstwurken fan ferneamde masters, ûnder oaren Filippo Lippi. In oar belangryk monumint út dy tiid is it Castello dell'Imperatore, boud yn opdracht fan 'e Roomsk-Dútske keizer Freark II. It is in seldsum foarbyld fan Súd-Dútske militêre arsjitektuer yn Itaalje.

Yn 'e 14e iuw kaam Prato ûnder it bewâld fan Florâns. De stêd bleau ûnder de Florentynske renêssânse kultureel fierder bloeien. Dy ûntwikkeling waard hookstrooks ûnderbrutsen troch de Spaanske ynfal fan 1512. De stêd Florâns stie doe ûnder bewâld fan in republikeinsk bestjoer (de saneamde Florentynske Republyk) dat de Medici's ferballe hie. Kening Ferdinand fan Aragon en de paus wienen bûnsmaten fan 'e Medici en woenen Florâns wer ûnder it bewâld fan 'e Medici bringe. Paus Julius II liet de Spanjerts ek yngripe om wraak te nimmen foar it Konsylje fan Pisa, dat in jier earder troch Loadewyk XII fan Frankryk by inoar roppe wie om de paus te yntimidearjen mei de driging fan in skisma. Om't Florâns tige goed ferdigene waard namen de Spaanske troepen û.l.f. Ramón de Cardona it beslút om earst Prato oan te fallen en in foarbyld te stellen. De saneamde Sacco di Prato — de plondering fan Prato — op 29 augustus 1512 wie in tige bluodderich barren: de ferdigeners holden it net lang fol en nei 't de kanonskûgels in gat yn 'e muorren makken wisten de soldaten der oer hinne te klimmen en fermoarden de Spanjerts tûzenen ynwenners dy't har faak skûl holden yn 'e tsjerken. It doel wie om Florâns de skrik oan te jeien en dat slagge: Florâns joech him koart dêrnei oer en de Medici kamen wer oan de macht. De plonderingen en de kombinaasje mei de pest brocht in lange tiid fan delgong fan Prato.

Prato bleau oant de 17e iuw tsjerklik ûnder it bisdom Pistoia fallen. Yn 1653 stifte paus Innosintius X it nije bisdom Pistoia e Prato, dêr't Prato in twadde sintrum yn wie. Letter, yn 1954, waard Prato definityf in selsstannich bisdom (mei syn eigen biskop, los fan Pistoia).

Tekstylfabryk (no museum).

Sûnt de 18e iuw ûntjoech Prato him ta in sintrum fan wol- en tekstylproduksje. Yn 'e 19e en 20e iuw waard de stêd ien fan Itaalje's wichtichste tekstylyndustriestêden en nei de feriening fan Itaalje gie de sterke yndustrialisaasje troch/ Ek begûn in demografyske groei, wêrtroch't de stêd út syn 14e-iuwske muorren groeide en yn 'e rin fan 'e 20e iuw stadichoan ek omlizzende doarpen ynkorporearre, wêrby't de befolking fan 'e stêd fan 50.000 ynwenners yn 1901 nei mear as 180.000 yn 2001 oanwoeks.

Yn 1944 doe't de alliearde troepen noardlik Itaalje befrijden, waard Prato ferskillende kearen bombardearren om spoarferbiningen en fabriken te fernielen mar it histoarysk sintrum bleau relatyf goed sparre. Op 6 septimber 1944 waard Prato befrijd troch Britske troepen en partizanen.

De wichtichste demografyske en ekonomyske groei fûn nei de Twadde Wrâldoarloch plak doe't yn 'e jierren 1960 en 1970 ymmigraasje út alle súdlike regio's foar mankrêft yn 'e tekstylyndustry it ynwennertal ferdûbele. Njonken ekonomyske en demografyske ûntwikkeling ûndergie de stêd in wichtige stedsútwreiding nei ferskate rjochtingen. Hjoed-de-dei is Prato bekend as in moderne, multykulturele stêd mei in grutte Sineeske mienskip en noch jimmeroan in wichtich plak foar tekstyl.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It histoaryske sintrum fan Prato is goed bewarre bleaun en toant de ûntwikkeling fan in middelgrutte Toskaanske stêd, dy’t sawol op it mêd fan keunst, religy as yndustry in soad te bieden hat.

De domtsjerke fan Prato is wijd oan Sint-Stefanus en mei de bou dêrfan waard yn 1211 útein set. Opfallend oan 'e rjochterkant fan 'e gevel fan 'e tsjerke is de preekstoel. Dêr wurdt op heechtijdagen de belangrykste relikwy fan 'e tsjerke toand: de grudle fan Marije. It wite en griene moarmer oan 'e gevel datearret fan 1385-1457. Yn 'e earste helte fan 'e 14e iuw waard de tsjerke fergrutte mei in dwersskip en fiif kapellen oan 'e eastlike kant. Yn 'e Kapel fan 'e Madonna del Cintola binne ferneamde 15e-iuwske fresko's fan Filippo Lippi.

Palazzo Pretorio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Palazzo Pretorio.

It ûnderste diel fan it âlde stedhûs fan Prato stamt út de iere 13e iuw. It lofts oanboude diel mei de goatyske finsters is 14e-iuwsk. Tsjintwurdich is dêr it Museo di Palazzo Pretorio ûnderbrocht mei in rike samling Florentynske keunst.

Castello dell'Imperatore

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kastiel fan 'e Keizer waard yn opdracht fan keizer Freark II yn 'e 13e iuw boud. It kastiel hat in fjouwerkante plattegrûn mei hoektuorren. De tuorren út it midden fan 'e foarkant en westlike kant binne noch âlder en fan in 10e-iuwske fêsting. Tsjintwurdich wurdt it brûkt foar kulturele eveneminten en iepenloftfoarstellingen.

Santa Maria delle Carceri

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuort by it kastiel stiet de 15e-iuwske Santa Maria delle Carceri-tsjerke. De Marijetsjerke waard op it plak fan 'e tsjerkers (carceri) boud, dêrfandinne de namme. De tsjerke stie letter model foar letter tsjerken dy 't yn 'e tiid fan 'e heechrenêssânse as sintraalbou boud waarden.

Mei de bou fan 'e Sint-Fransiskustsjerke waard nei alle gedachten yn 1294 útein set. Op it haadalter stiet in houten krús út de 15e iuw. Yn 'e rjochtermuorre sit in tagong nei it 15e-iuwske kleaster. De kapittelseal (Capella Migliorati) is hielendal beskildere mei fresko's.

De Dominikustsjerke is in goatysk tsjerkegebou út de jierren 1283-1322. Nei in brân yn 1647 waard it ynterieur yn barokke styl ferboud. Yn it oanbuorjende kleaster is hjoed-de-dei it Museo di Pittura Murale ûnderbrocht.

Dielen fan de midsiuwske stedsmuorren binne goed bewarre mei de grutte Porta Pistoiese as bekendste poarte.

Centro per l'arte contemporanea Luigi Pecci.
  • Museo di Palazzo Pretorio (museum Toskaanske keunst fan 'e 13e oant 19e iuw).
  • Museo dell'Opera del Duomo (museum oer de skiednis en de keunst fan 'e domtsjerke).
  • Centro per l’Arte Contemporanea Luigi Pecci (grut museum út 1988 foar moderne en hjoeddeiske keunst).
  • Museo del Tessuto (Tekstylmuseum).
  • Museo di Scienze Planetari (in museum mei samlings oer geology, meteoriten en romtewittenskip).
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Prato fan Wikimedia Commons.