Praktykûnderwiis
It praktykûnderwiis, meastentiids ôfkoarte ta pro, is yn Nederlân ien fan de fjouwer foarmen fan fuortset ûnderwiis.
Untsteansskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûnderwiiskommisje Van Veen advisearre dat dit ûnderwiis de arbeidsmerkgerichte learwei fan it vmbo foarmje soe.[1] De regearing hat lykwols besletten dat it praktykûnderwiis in aparte ûnderwiissoarte binnen it fuortset ûnderwiis wurde soe. MLK-ûnderwiis en ZMLK-ûnderwiis binne yn 1999 foarme ta praktykûnderwiis as aparte ûnderwiissoarte. In part fan de VSO-skoallen is oansluten by in skoalmienskip en foarmje praktykûnderwiis.
Yn Nederlân wiene yn 2011 176 skoallen foar praktykûnderwiis (pro), mei yn totaal goed 29.000 learlingen.[2] It praktykûnderwiis is bedoeld foar learlingen foar wa't it heljen fan in diploma yn ien fan de learwegen fan it vmbo net helber is. Earder wiene dat de skoallen foar fuortset spesjaal ûnderwiis foar min learende bern (vso-mlk). Sûnt 2019 krije de learlingen dy't it praktykûnderwiis (pro) of fuortset spesjaal ûnderwiis (vso) suksesfol trochgien binne in diploma. Learlingen dy't net foldien hawwe oan de easken fan it skoaldiploma, krije in ferklearring. Oant 2019 waarden der gjin diploma's útrikt by dit skoaltype, mar in tsjûchskrift. Troch it ynfieren fan dit diploma wurde de prestaasjes fan de learlingen erkend en wurdt befêstige dat praktykûnderwiis in folweardige skoalsoarte is.[3]
Profilen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It praktykûnderwiis liedt learlingen op foar:
- wenjen
- wurkjen
- boargerskip
- frijtiidsbesteging
Der binne fjouwer profilen fan it praktykûnderwiis:
- ferfolchoplieding nei mbo nivo 2 mei ynboud programma fan mbo 1 yn de lêste 2 learjierren. Dizze oplieding leveret twa diploma's op: in praktykûnderwiisdiploma en in entreediploma mbo nivo 1.[4]
- ferfolchoplieding nei mbo nivo 1 (lêste learjier) of vmbo bb (earste 2 learjierren).
- begeliede wurk of wurk by in bedriuw.
- deibesteging.
In lyts part streamt troch of hellet binnen it praktykûnderwiis nivo 1 fan it mbo. Foar it praktykûnderwiis jildt gjin fêste opliedingslingte, mar wol in leeftiidsgrins fan 18 jier oant 20 jier.
It praktykûnderwiis is foar learlingen fan wa't nei ûndersyk bliken dien hat dat sy rjocht hawwe op dizze foarm fan fuortset ûnderwiis. It ûndersyk rjochtet him op de yntelliginsje en der wurdt in didaktysk ûndersyk ôfnommen. It IQ fan de praktykskoallearling leit tusken de 55 en maksimaal 75-80.[5] Ut in didaktysk ûndersyk fan de learling moat blike dat hy of sy in learefterstân hat fan teminsten trije jier, metten fan groep 8 yn it basisûnderwiis ôf. It didaktysk ûndersyk bestiet út testen op lêsfeardigens, stavering, rekkenskip en begrypend lêzen. By de proef kinne de learlingen it programma fan pro/vmbo BB folgje. Dit is it heechste nivo fan it praktykûnderwiis en it leechste nivo fan it vmbo.
Tidens it fiif jier duorjende praktykûnderwiis wurdt de learling fia staazjes, teory- en praktykfakken ta laat nei wurk of nei wurk en oanfoljende skoalling. Praktykûnderwiis is der, njonken it ta lieden nei wurk, ek op rjochte de learlingen kompetinsjes ûntwikkelje te litten dy't sy nei de skoalle nedich hawwe op it mêd fan ûnder oare wenjen, boargerskip en frijtiidsbesteging.
Fan de 176 binne 58 skoallen foar praktykûnderwiis ferbûn oan skoalmienskippen yn it fuortset ûnderwiis. In lyts tal skoallen foar praktykûnderwiis wurdt binnen in mbo organisearre. De term kin betizing opsmite mei de praktykskoallen fan mbo's of hbo's, ek om't guon skoallen foar praktykûnderwiis harsels 'praktijkskoalle' neame.
It Nederlânske praktykûnderwiis komt oerien mei wat yn Flaanderen opliedingsfoarm 3 is, binnen it bûtengewoan sekundêr ûnderwiis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|